Op de folgjende siden kinne jo nammen fan strjitten, wetters, buorskippen en stegen fine, mei in útlis derby oer wêrom’t strjitten hjitte sa as se hjitte. Der binne in hiel soad minsken dy't ynhâldlik net witte wêr't se wenje, om’t se net witte wêr't de strjitnamme weikomt. Nim bygelyks de Sake Visser strjitte. Wa wie en wat die Sake Visser? It sil grif in wichtich man west hawwe. Mar wa’t Sake Visser wie en wat er die, witte mar in hantsjefol minsken. Wol, Sake Visser wie in ferneamd en betûft hynsteman. En wa wiene G.S. Ruiter, Folkert Kuipers en Dokter Idzerda? Mar ek nammen dy’t net ferwize nei in peroan, lykas Kleef, Hopmanshof, Kleasterwei, Seine, Rolpeal, Rakswâl, Bûterwâl binne nijsgjirrich. Koartom, wolle jo witte wêr't jo wenje? Jo kinne it lêze yn it ferhaal oer de betreffende strjitte!