Boppe: In moaie âlde stereofoto fan de Buorren mei in hynder en wein.
Bêste stipers.
It tal stipers sakket geandewei, en dat is gjin goeie saak. Wy ha driuwend ferlet fan nije stipers. Mar hoe pakke jo soks oan? De jongerein fynt ús wurk trochstrings wol moai, mar fierder ek net. Dat is hiel spitich. It bestjoer ferâlderet en is ek oan ferjonging ta. Wy hawwe al minsken benadere, mar hast elkenien hat syn frije tiid al mear as fol. Dus: ‘Kom mar op mei ideeën!’
Opslachromte
Wy hawwe ek driuwend ferlet fan in gruttere opslachromte, sadat we al ús guod op ien plak byinoar hawwe. Us romten fan no (it bedstee ûnder de regintekeamer, en in romte by stifting Welgelegen) binne mear as fol en dêrnjonken is der noch in soad guod dat no noch by minsken thús leit, mar eins in plakje yn it argyf krije moat. Pier van der Heide hat bygelyks syn hiele argyf, dat er yn fyftich jier opboud hat, noch thús. Dat dat foar him in ûnhâldbere situaasje is, sil elk dúdlik wêze. Koartom, wy sitte te springen om in nije/gruttere romte om al ús guod kwyt te kinnen en ek weromfine te kinnen. It is gewoan net handich om it argyf op ferskillende plakken te hawwen. Benammen net, om’t wy it argyf op ien of mear fêste deidielen yn 'e moanne graach iepenstelle wolle om stipers, mar ek oaren, dêr tagong ta te jaan.
Palmsnein
Palmsnein leit al wer in skoftke achter ús. Wy hawwe, lykas wenst, wer in eksposysje hân. De tekeningen fan âld-Akkrumer Rinse Terpstra wiene tentoansteld yn 'e sêre fan Hotel Goerres.
Anne Kooistra ferstoarn
Us rjochterhân, Anne Kooistra, is ús op 81 jierrige leeftiid ûntfallen. Anne fersoarge altyd de kofje mei wat derby foar de gearkomsten. Hy soarge der ek foar dat de ûntfangst fan de boargemaster op Palmsnein in sukses wie. De regintekeamer seach der dan altyd pico bello út. Mar Anne koe ek moaie smoute ferhalen fertelle en hy joech elk dy’t dêr niget oan hie in rûnlieding yn it Mausoleum en yn syn eigen bysûnder ynrjochte wenning. Anne Kooistra wie in waarm persoan mei it hert op it goede plak. We sille him misse. (Sjoch foto rjochts ûnder)
Donaasje
It is alwer in skoftke lyn, mar Gooitzen Bosma, ien fan ús belutsen stipers, hat ús mar leafst 2500 euro skonken. Foar dy’t syn foarbyld neifolgje wol, ús bankrekken is: NL49 RABO 0348 3291 80.
Neiteam op besite
Wy hawwe besite hân fan famyljeleden fan de famylje Twijnstra. Se hawwe in rûnlieding troch Akkrum hân. Mar der wie mear neiteam op besite. Donna Hawk út Seal Beack (VS, Californië) en har âlde skoalfreondinne Jill Newburg út Scottsdale (VS, Arizona) hawwe op 19 septimber Akkrum besocht. Donna har pake is Folkert syn soan Charles. Folkert is dus har oerpake. Aaltsje Siesling en Anne Dykstra hawwe harren in rûnlieding troch Akkrum jûn, dêr’t û.o. yn stilstien waard by Folkert syn âldershûs en it plak dêr’t Folkert syn bertehûs ienris stie. Fansels stie der ek in besite oan ‘e regintekeamer fan Coopersburg en it mausoleum yn ‘e tún fan Coopersburg op it programma.
Mausoleum
Nei de renovaasje fan Coopersburg is ek it Mausoleum hielendal renovearre en opknapt troch de Monumentenstichting Boarnsterhim. Sa as jim ek yn 'e krante lêzen hawwe kind, binne der ek noch ‘âlde geheimen’ oan it ljocht kaam.