Nijsbrief fan Akkrum Ald & Nij.    2020-"21  nûmer 7.

 

Korona-edysje . . . 2

Earst mar even in moai printsje om jo yn de sfear te bringen fan âld Akkrum (Buorren, om 1908 hinne). Doe hiene se gjin lêst fan korona, ek al liket it hast dat se doe ek al yn bubbels fan oardel meter útelkoar stienen.

Ja bêste stipers, wy kinne dit bêst wol in korona-edysje 2 neame, want korona hearsket behoarlik oer ús, mei syn lockdown en syn jûnsklok, dy’t no gelokkich foarby is. Troch it Covid-19 firus en letter ek mei syn fariante broerkes en/of suskes wie 2020 wol in hiel bysûnder jier. Fansels hat it ek wer in oare kant, dat we de bern en/of bernsbern helpe meie troch harren les te jaan. En ja, de koronakilo's komme der ek by, wat we leaver NET sjogge. Alles hat syn foar en syn tsjin.

Wy kinne en meie neat, mar eins dogge we fan alles. Ikke wol alteast. Ik bin myn hiele Akkrumargyf oan it skennen en oan it ynpakken. Dat binne sa stadichoan in moai tal ferhúsdoazen, want ik bin al in lytse fyftich jier oan it sammeljen mei alles wat te krijen hat mei Akkrum, Nes en omkriten. Dat giet allegearre nei Akkrum Ald en Nij. Sa dogge jo dochs noch wat nuttichs in dizze drege tiden. Net dat der oars neat bard is hear, mar ik woe dit wol even kwyt.

Dit is mear bard binnen AA&N, ek al is it net in soad. 'Boerderijen van Akkrum' is foar in grut part yn koronatiid makke en de ferkeap giet hiel goed. Ek it boekje 'Oarloch en Ferset yn Akkrum en omkriten' is makke yn dyselde Covid-19 tiid. It foardiel is dat jo der dan alle tiid yn stekke kin, neffens ien fan de skriuwers. Alle stipers ha sa'n boekje krigen as it goed is. Mocht dat net sa wêze, stjoer dan even in berjochtsje nei stiftingakkrumaldennij@gmail.com.

Neidat de iepenbiere jûn yn 2020 net trochgean koe fanwege korona, hoopje we dat we dy dit jier yn novimber dochs wer hâlde kinne en jo ferwolkomje meie. Mar wy hâlde ús hert fêst, want it sjit al aardich op nei novimer en we moatte noch hieltyd mûlkapkes drage in Leppehiem (aug. 2021).

Nije Stipers.

It stiperstal groeit, al is it stadich, want der falt ek wol ris ien by wei. Minsken dy't de webside fan Stifting Akkrum Ald en Nij foar it earst besykje, wurde oanskreaun at sy ek stiper wurde wolle, en sa no en dan slagget dat. We sitte no om de 230 stipers hinne. Ek komt der sa no en dan âld materiaal binnen. Fan stipers, mar ek fan net-stipers. Dan fernimme wer ris dat we te krijen ha mei temin oan romte. Ek de romte by Welgelegen is aardich fol. We sjogge wol om ús hinne, mar in geskikte romte komt der net sa hurd. As ien fan jim in goede oplossing wit, soe dat moai wêze.

Renovaasje Coopersburg en Mausoleum.

Coopersburg wurdt op it stuit renovearre. Boufakkers meitsje it gebou enerzjysuniger. It dak komt derôf en der wurdt in laach isolaasje tusken de pannen en it dakhout oanbrocht.