"Merke", (Kermis).

          Boppe: Dizze foto fan Wopke Sipkema syn stoomkarrûsel is nommen troch A.J. van Stralen (Grou) sa it hjit yn Akkrum. It front is nochalris wiksele. Koart dernei is er op fertochte wize ôfbrând yn Winsum. (Gr.)

         Boven: Deze foto van Wopke Sipkema zijn stoomcarosel is genomen door  A.J. van Stralen (Grou) zoals het heet in Akkrum. Het front is nogal eens verwisselt. Kort erna is hij op verdachte wijze afgebrand in Winsum. (Gr.)

Boppe: De ferhalen fan Merten Bakker, dy't yn de Akkrumer Almanak stean 1977. (Klik om fergruttings).

Boven: De verhalen van Merten Bakker, die in de Akkrumer Almanak staan 1977. (Klik om vergrotings).


Boppe: (Tekst; © Aaltsje Siesling).

Boppe/boven: "De kermis in Akkrum ging niet door!".


Understeand in searje krante-artikels oer de Akkrumer merke.

Onderstaand een serie krant artikelen over de Akkrumer kermis.

Boppe/boven: 1930.            Under/onder: 1957.

Boppe/boven: 1933.            Under/onder: 1957.

     Boppesteand in prachtige foto fan de Akkrumer merke fan1939, mei yn de draaimole Aukje Rorije. (Mei tank oan © Aukje Rorije).

     Bovenstaand een prachtige foto van de Akkrumer kermis van1939, met in de draaimole Aukje Rorije. (Met dank aan © Aukje Rorije).


Boppe/boven: © LC 25-5-1882.


De modernere  Akkrumer merke, jierren ''70.

Linksboppe: Akkrumer merke 1970.       Rjochtsboppe: Sla-Jut-Op'e-Kop fan Arie Nauta út Haskerdijken.                                                                 Arie wie en is in soad op de merke te sjen.


"In 'Akkrumer' merke reizger fermoarde".

 

          Understeand in pear krante-artikels oer in merke reizger dy't jierren yn Akkrum op de Merke stien hat, mar dat net allinnech. Winters wenne hy ek noch mei syn húshâlding yn Akkrum. Sy wennen dan in it lytse húske achter de menistetsjerke. (Sjoch rjochts) Letter wie dér de 'speel-o-theek' en no (2019) wurdt 't ek noch bewenne.                                                                              Us' merke reizger, Marinus Klokgieter, wie slim ynvalide. Hy hie in houten skonk, in kuenstfoet en in pear slim fergroeide hannen. Sa foel hy wol op. Sy stiene op 'e merke mei slúfkes mei deryn lytse pryskes en kamen elk jier werom yn Akkrum. In soad âlderen sille harren him grif noch wol heuge kinne. Hy hie in frou en trije  famkes.

 

Boppe/boven: Het bewuste huisje waar de familie Klokgieter overwinterde.

          Onderstaand een paar krantenartikeltjes over een kermisreiziger die jaren in Akkrum op de kermis kwam,. maar dat niet alleen. ‘s Winters woonde hij ook nog met z'n gezin in Akkrum. Ze woonden dan in het kleine huisje achter de Doopsgezinde kerk. (Zie hierboven) Later was daar de 'speel-o-theek' en thans (2019) wordt het huisje ook nog  bewoond.                   'Onze' kermisreiziger, Marinus Klokgieter was erg invalide. Hij had een houten been en een kunstvoet en een paar erg vergroeide handen. Zo viel hij wel op. Zij stonden met een kraam met enveloppen met daarin kleine prijsjes op de kermis en kwamen elk jaar terug naar Akkrum. Veel ouderen zullen zich hem nog wel kunnen herinneren. Hij had een vrouw en drie dochtertjes.



'Klokgieter, Sipkema's en van Houten'.

        De famylje Sipkema wie ek ien fan de gasten dy't elk jier delstrutsen yn Akkrum. Sy stiene dan ek op it selde kampke lân oan it begjin fan de Rakswâl. Njonken de Trigreppel. It kampke lan is letter beboud mei in blokje fan twa wenten, der't Ynse/Wieb Bosma wennen. De Sipkema's, dy't generaasjes yn Akkrum kamen, brûkten dan stroom fan de famylje van der Heide, dy't in lyts eintsje fierder op nûmer 6 wenne. De Sipkema's hiene in tinte mei grypkranen. Sietze van der Heide wie tûk yn de spultsjes fan Sipkema en wûn in soad, (neidat it him ek in soad koste hie). Mar hy hie in bulte wille en hie altyd in soad minsken om him hinne, dêr’t hy 'op bestelling' horloazjes foar wûn. Faak wie it mei ien kwartsje al raak.

      De familie Sipkema was ook één van de gasten die elk jaar neerstreken in Akkrum. Zij stonden dan ook altijd op het zelfde stukje land aan het begin van de Rakswâl. Naast de Trigreppel. Het stukje land is later bebouwd met een blokje van twee woningen, waar Ynse/Wieb Bosma woonden. De Sipkema's, die generaties in Akkrum kwamen, gebruikten dan stroom van de familie van der Heide, die een klein eindje verder op nummer 6 woonde. De Sipkema's hadden een tent met grijpkranen. Sietze van der Heide was slim in die spelletjes van Sipkema en won veel, (nadat het hem ook veel had gekost). Maar hij had er heel veel plezier in en had altijd veel mensen om zich heen, waar hij 'op bestelling' horloges voor won. Vaak was het met één kwartje al raak.


Botsauto's om 1970 hinne, op ‘e gemeentebleek.

Boppe/boven: De autoscooter (botsauto's) op de 'gemeentebleek'.

Onder en naast, krant artikelen van oa. Atze de Vries uit LC en De Hepkema.

Boppe: 4-tal foto's Akkrumer merke út 2009.

Boven: 4-tal foto's Akkrumer Kermis uit 2009.


Boppe: Merke juni 2003, troch © Hans J. Noppert.

 Boven: Kermis juni 2003, door © hans J. Noppert.