(it WETTER).


     Mei de namme Trigreppel wurdt sawol op de strjitte doeld, as op it wetter. De strjitte Trigreppel waard earder ek wol de Willemskaai/Willemskade neamd.

     Doe't om 1900 hinne de feart De Trigreppel útleike waard, brochten de slatters de bagger  op in stik grûn dêrnjonken, dat eigendom wie fan Willem Jehannes Koopmans. Dy ferkocht it ophege lân yn twa perseeltsjes foar de bou fan huzen by it wetter lâns. De lju makken der al gau De Willemskade fan, nei de eigner fan it lân. De Nammejouwingskommisje hat yn 1955 wizer west en neamde de stritte nei it wetter: De Trigreppel. (Koopmans krige earne oars yn Akkrum in strjitte nei him ferneamd) (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker, 1982).

 

     Met de naam Trigreppel wordt zowel de straat, als het water bedoeld. De straat werd eerder ook wel Willemskaai/Willemskade genoemd.

     Toen rond 1900 het water de Trigreppel werd uitgebaggerd, bracht men de bagger op een stuk land ernaast, dat eigendom was van Willem Johannes Koopmans. Die verkocht het opgehoogde land in twee percelen voor de bouw van huizen langs het water. De Naamgevingscommissie was in 1955 verstandiger en noemde de straat naar het water: De Trigreppel. (Koopmans kreeg ergens anders in Akkrum een straat naar zich vernoemd) (Uit Toponomy fan Akkrum en Nes van Merten Bakker,1982).

 Foto boppe-boven: © ca. 1976


 

     De Trigreppel hat by it ûntstean en de skiednis fan it doarp in wichtige rol spile. Wêr't er syn begjinpunt hat is net dudlik, mar op de Schotanusatlas komt er út in opfeart by de Sitadel eastlik fan Akkrum. Dêr hat yndertiid in mole stien, dy't it wetter út de kontreien fan de Trigreppel mealde. De Trigreppel rûn súdlik fan Akkrum en kaam yn 'e Meinesleat út, dy't der dus winliks in ferlingstik fan is. Tusken de Boarn en de Trigreppel rûn de Slachte en der ûntstienen de earste delsettingen, der't letter in doarp út groeide. De brede tsjerketerp kaam mei it fuottenein oan 'e Trigreppel ta en sa siet Akkrum, soe men sizze kinne, alhiel ynklamme tusken de beide streamen. De namme hat faak betizing jûn. Yn alle stikken, keapbrieven en yn it Floreenkohier is altyd sprake fan "De Trigreppel". Doe't Willem Jehannes Koopmans in boekje mei foardrachten en rymstikken útjoech, krige dat de titel Oan de âlde Trijegreppel, in dichterlike ferfrysking dus fan Driegreppel. Santema hat yn de Feanster Koerier fan 15 des. 1951 útlein dat it wetterwurd "Ie" yn de namme sit. Mei de preposysje "ter" (=oan de) foàr Iegreppel waard Triegreppel ferfoarme ta Trigreppel en letter troch Hallanske ynfloeden ta Driegreppel. Yn 1955 hat de nammejouwingskommisje fan de Fryske Akademy oan de gemeente útsteld oan de Willemskade, dy't njonken de feart lei de namme de Trigreppel te jaan. Dat is doe oangien, al binne der Akkrumers dy't mar min oan de namme wenne kinne. Spahr van der Hoek mient yn "drei" foar draai, ombocht" ek in oanwizing te sjen foar it úntstean fan de namme "De Trigreppel". (Ut Toponomy fan Akkrum en Nes van Merten Bakker, 1982).

 

    

     De Trigreppel heeft bij het ontstaan van het dorp en belangrijke rol gespeeld. Waar hij zijn beginpunt heeft is niet duidelijk, maar op de Schotanusatlas komt hij uit een opvaart bij de Sitadel, oostelijk van Akkrum. Daar heeft indertijd een molen gestaan die het water uit de buurt de Trigreppel maalde. De Trigreppel liep zuidelijk van Akkrum en kwam uit in de Meinesleat, die daar eigenlijk een verlengstuk van is. Tussen de Boarn en de Trigreppel liep de Slachte en daar ontstonden de eerste nederzettingen, waar later het dorp uit groeide. De brede Kerkterp kwam met het voeteneind aan de Trigreppel te liggen, en zo zat Akkrum, zou men kunnen zeggen, geheel ingeklemd tussen beide stromen. De naam heeft vaak verwarring gegeven. In alle stukken, koopbrieven en het Floreenkohier is altijd sprake geweest van de "Trigreppel". Toen Willem Jehannes Koopmans een boekje met voordrachten en rijmstukken uitgaf, kreeg dat de titel Oan de âlde Trijegreppel, een dichterlijke verfriesing dus van de "Driegreppel". Santema heeft in de Heerenveense Koerier van 15 dec. 1951 uitgelegd, dat het waterwoord "Ie" in de naam zit. Met de prepositie "ter" (=oan de) foàr Iegreppel werd Triegreppel vervormd naar Trigreppel. In 1955 heeft de naamgevingskommissie van de Fryske Akademy aan de gemeente voorgesteld om de Willemskade, die naast de vaart lag, de naam van de Trigreppel te geven. Dat is toen aangenomen, al zijn er Akkrumers die maar slecht aan die naam kunnen wennen. Spahr van der Hoek meent in "drei" voor draai, ombocht ook een aanwijzing te zien voor het ontstaan van de naam "De Trigreppel". (Uit Toponomy fan Akkrum en Nes van Merten Bakker. 1982).

 


Foto boppe-boven: © 1968.

Oorsprong Trigreppel:

 

    Wat wie de oarsprong fan de âlde Trigreppel?  Dy rûn oan de eastkant fan de Polsleat fierder, hast oan it spoar ta en bûgde dan om nei it suden. Dat stik hat fan âlds de wetterferbining foarme fan de Huygis-Galama stins dy’t dêr oant yn de 17e iuw stie. It stik fan de Galamaleane oan de Feansterdyk wie yn 1951 tichtmakke foar de oanlis fan de bredere Kanadeeskestrjitte. It stik lâns de Galamaleane dat der noch wie, is yn de 60’er jierren ticht gien. It fersmoarge part tusken Polsleat en Feansterdyk gie om 1970 ticht en is no de ûntsluting fan de parkearromten. Oan de iene kant wienen de efterhiemen fan de bebouwing oan de Buorren, oan de súdkant de tún fan Evert Schouwstra. Letter garaazjes. (1975).

 

    Wat was de oorsprong van de oude Trigreppel? Die liep van de oostkant van de Polsleat verder, bijna tot aan het spoor en boog daar om naar het zuiden. Dat stuk had van ouds de waterverbinding gevormd van de Huygis-Galama stins die daar tot in de 17e eeuw heeft gestaan. Het stuk van de Galamaleane tot de Feansterdyk was 1951 al dichtgemaakt voor de aanleg voor de bredere Kanadeeske strjitte. Het deel langs de Galamaleane dat der nog was, is in de jaren 60 gedempt. Het vervuilde gedeelte tussen Polsleat en Feansterdyk ging om 1970 dicht en is thans de ontsluiting van de parkerruimtes. Aan de ene kant waren de achtererven van de bebouwing van de Buorren, aan de zuidkant de tuin van Evert Schouwstra. Later garages. (1975).

      Boppe-boven: Een kaartje uit 1920 met links onder de Trigreppel.


     Boppe/Boven: Blauw is het watertje de Trigreppel. 

     Boppe/Boven: Rood is de straat de Trigreppel. (@ 2022).


Foto's boppe: Trigreppel 25 april 1973.


Trigreppel Dempe ?

     Akkrumer Jan Calsbeek kaam op 23 maaje 1953 yn Akkrum te wenjen. Hy kaam mei syn gesin yn in wenarke út Snakkerbuorren nei de Trigreppel ta om yn Akkrum syn brea te fertsjinjen by de gemeente Utingeradiel.

     JC:  De Trigreppel foldie ús tige, ik wie dan ek ferwûndere, dat ik de opdracht krige om in plan te meitsjen foar it dimpen fan dit wetter fan efter Welgelegen oant de Polsleat ta. Opdracht fan boargemaster Thalen, sei myn baas. Ik woe der net oan, mar soks moast ik dat dan sels mar oan de boargemaster fertelle. No, dat die ik, en ik wiisde op it ûntbrekken fan it nut en fan opbringsten om de kosten te dekken en it ferlies fan it moaie doarpsgesicht. Middeis, wylst wy sieten te iten fytse de boargemaster by ús del en letter ûntbea er my op syn buro. De opdracht waard ynlutsen, ik krige gelyk. Dat bepaalde wol mei myn posysje.

     Boppe-boven: Het rode gedeelte zou moeten worden gedempt, gelukkig is het niet doorgevoerd.


     Akkrumer Jan Calsbeek kwam op 23 mei 1953 in Akkrum wonen.Hij kwam met zijn gezin in een woonark uit Snakkerbuorren naar de Trigreppel om in Akkrum zijn brood te verdienen bij de Gemeente Utingeradeel.

     JC: De Trigreppel voldeed ons heel goed, ik was dan ook verwonderd dat ik opdracht kreeg om een plan te maken voor het dempen van het water van achter Welgelegen tot aan de Polsleat.

Opdracht van Burgemeester Thalen zei mijn baas. Ik wou daar niet aan, maar moest dat zelf maar aan de burgemeester vertellen. Nou, dat deed ik, en ik wees op het ontbreken van het nut en van opbrengsten om de kosten te dekken en het verlies van het mooie dorpsgezicht. ’s Middags, terwijl wij zaten te eten, fietste de burgemeester bij ons langs en later nodigde hij mij uit op zijn buro. De opdracht was ingetrokken en ik kreeg gelijk. Dat bepaalde wel mijn positie.


     Hjir ek de "Trigreppel" dy't eartiids troch rûn nei de Feansterdyk . . .

 

 . . .  en noch fierder nei de Kanadeeske strjitte.


     Boppe-boven: Een platte grond met daarop de Trigreppel (onder) vanaf de Polsleat richting het oosten. (Jaar onbekend)

Boppe; Trigreppel yn Fûgelflecht. Om 1939 hinne.      Boven: trigreppel in vogelvlucht. Ca.1939.

Boppe-boven: Artikel uit Fan Fryske Groun © 1933.

 Foto boven: Om 'e toer grenst aan de Trigreppel.                             Boven foto © Jannie Hof Wieringa.                                                                                                              (Kinderen van de familie Harmsma).

 

   Foto boppe: De Wenarke (rjochts) fan de famylje Calsbeek dy dêr lein hat fan maaje1953 oant juli 1954.

     Foto boven: De woonark (rechts) van de familie Calsbeek heeft daar van mei 1953 tot juli 1954 gelegen.

 

    "Op de moarn fan freed 29 maaie 1953 smiet Roel Sales, de sânskipper fan Holwert, de sleepkabel fan ús wenarkje los en wy draaiden de Trigreppel yn, dêr’t myn omkes Wytse en Ype al op de kant klear stienen en ús nei it lisplak tsjinoer it hiem fan Klaversma brochten. Us aventoer Akkrum wie begûn, wa hie tocht, dat it mear as 60 jier duorje soe. Yn 1953 wie ús wenarke goed foar in romantyske printbrievekaart". (© Jan Calsbeek).   


In diel fan de "Trigreppel" waard "Ald Haven" neamd.

      Der't no yn Akkrum it Leechein is, rûn eartiids út de Trigreppel wei in haven oan de doarpsstrjitte ta, dy't lisplak wie foar turf- en jirpelskipkes. (Ut  Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker, 1982)

Een deel van de "Trigreppel" werd "Ald Haven" genoemd.

     Waar thans in Akkrum it Leechein is, liep vroeger vanuit de Trigreppel in haven tot aan de dorpsstraat, welke ligplaats bood aan turf- en aardappelscheepjes. (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker, 1982)

Foar mear oer de Alde Haven sjoch Alde Haven.

Voor meer over de Alde Haven zie Alde Haven.


In oar diel fan de "Trigreppel" waard "Nije Haven" neamd.

Een ander deel van de "Trigreppel" werd "Nije Haven" genoemd.

     De saneamde Nije Haven lei(t) oan it Heechein (njonken Welgelegen) en kaam krekt as de Ald Haven út de Trigreppel. (Ut de Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker, 1982)

     De zogenaamde Nije Haven lag (ligt) aan het Heechein (naast Welgelegen) en kwam net als de Ald Haven uit de Trigreppel. (Uit de Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker, 1982)


Foto's boppe-boven: De Nije haven. (zijtak van de Trigreppel)

 

Foar mear oer de 'Nije Haven' sjoch map Nije Haven.

Voor meer over de 'Nije Haven' zie map Nije Haven.

 


 Boppe-boven: Splitsing Trigreppel-Meinesleat, (Foto: 2008). 



      Ha jo noch fragen, op- of oanmerkingen, folje dan neiststeand formulier yn en klik op 'Verzenden'.
     Heeft u nog vragen, op- of aanmerkingen, vul dan naaststaand formulier in en klik op 'Verzenden'.