Deze Anekdotes zijn niet vertaald.
-
Wa kin dizze (boppesteande) man ?
De man op bygeande foto kaam lêsten in persoan tsjin en sei;” Ik kin jo. Ik ha jo juster by de bakker sjoen”. “Dat is wol frjemd” sei de man, “ik bin juster NET by de bakker west”. Dêrom is de fraach; “Wa is dizze man”? It doel hjirfan is moaie lytse koarte ferhaaltsjes byelkoar swylje om te bondeljen yn in boekwurkje mei mear fan dit soart anekdoate’s. Koarte ferhaaltsjes/fiten mei in glimke op ‘e ein. In foarbyld; -
By it Café/Herberch fan Meine Pasma (dêr’t earder garaazje Fennema, en no de Poiesz sit) blies de skjinmakker op in fluitsje en dan wist elkenien dy’t op ‘e dûnsflier stie; No moatte we der út. Elkenien gie nei bûten en dan koe de skjinmakker de flier efkes skjinmeitsje mei Dettol. Dernei blies hy wer op it fluitsje en mocht elkenien wer nei binnen. Ja, sa gie dat doe. Kom mar op mei jim smeuige koarte ferhaaltsjes, der ‘t jo op ‘e ein efkes laitsje moatte . . . Oh ja . . . It moat him wol yn AKKRUM ôfspylje of oer in AKKRUMER gean. (Foto boppe: Appie Kamstra).
-
De Anker-bêrn fermakken harren op it grutte hiem fan de amtswenning oan de krusing Feansterdyk-Grytmanswei. Simmers mei fuotbaljen en winters mei reedriden op ‘e túnfiver foar harren hûs. De famylje Anker krige elke simmer in geit of in bok fan Tjitte/Rigt Jeeninga, om it gêrs koart te hâlden. Yn ‘e hjerst gie de geit wer fuort (en waard er slachte). De oare maitiid/simmer kaam der wer in 'nije' Floris. En oft it no in geit of in bok wie, hy waard altyd ‘Floris’ neamd. En it wie krekt oft de geit/bok nea âlder waard, sterker noch, it like oft er hieltiid mar jonger waard.
-
Dy selde geit waard ek wol útlitten. Krekt as in hûn oan it tou. De Ankers (Hans en Wim) wiene al wer wat âlder wurden. Ek stutsen se wolris oan by de kroech en bestelden altyd trije slokjes. Ien foar Hans, ien foar Wim en ien foar Floris. Mar omdat Floris gjin toarst hie, dronken de 'jonges' dy sels dan mar op. (Sa is alles begûn.)
-
Ferhalen en rabberij gean troch Akkrum. It folgjende springt gauris wat hinne en wer, it is in tige persoanlike werjefte fan saken dy’t my en ús yn goed 60 jier Akkrum foarby kaam binne en ferhalen dy’t troch oaren dien binne. Der wienen ek dingen, dy’t ik foarby gien bin omdat dy my wat te folle oer persoanlike saken fan oaren of ús geane, al hearre guon wol by echte doarpsferhalen. By it skriuwen kaam faak by my boppe, hoefolle oft ús libben yn dy jierren feroare is. J.C.
-
Op de moarn fan freed 29 maaie 1953 smiet Roel Sales, de sânskipper fan Holwert, de sleepkabel fan ús wenarkje los en wy draaiden de Trigreppel yn, dêr’t myn omkes Wytse en Ype al op de kant klear stienen en ús nei it lisplak tsjinoer it hiem fan Klaversma brochten. Us aventoer Akkrum wie begûn, wa hie tocht, dat it mear as 60 jier duorje soe. Yn 1953 wie ús wenarke goed foar in romantyske printbrievekaart.
-
Akkrum wie foar my in wat ûnwennich plak, dêr’t ik as jonkje mei mem mei de trein hinne gie, om by Pake en Beppe op Nes te sjen. Men prate der wat oars as thús op Snakkerbuorren, men sei: “wjast en wjazen” en in kear krige ik samar in fersierde stôk yn ‘e hân, om efter de muzyk oan te rinnen, mei allegearre frjemde bern. Wol prachtich fûn ik it dat efter op Pake syn skuorre in nêst foar earrebarren siet, dêr’t soms in pear fûgels op stienen te klapperjen. Letter wie it wol in plakje fan hâldoan by fakânsjes en iistochten. Akke wie der in bytsje mear thús, omdat dy der ek omkes en muoikes hie mei wat mear neefkes en nichtsjes fan har jierren, dy’t boppedat mear yn de buorren wennen.
-
We kamen doch yn Akkrum telâne, omdat ik yn Ternaard gjin promoasjekâns krige en ik by myn sollisitaasje yn Akkrum foaral in pree hie mei de wenarke. Men hoegde ús gjin wente oan te bieden. Wy leinen dus yn de Trigreppel, doe noch meast Trijegreppel neamd. Us wenarke koe elektrysk krije fan in houten peal en ik koe alle dagen in 40 liter molkbus wetter helje by de bûtenkraan fan Klaas en Hinke Mast, de âlden fan Willem, dy’t ferkearing hie mei myn nichtsje Corrie. In brede planke nei de wâl wie tagong nei de dyk lâns it wetter. Dit efkes as ynlieding om sjen te litten hoe frjemd oft Akkrum winliken foar ús wie en hoe’t ik doe nea tocht hie dat der yn Akkrum sa’n bulte ferhalen om gienen. Mar earlik is earlik, de foartekens wienen der fuortdaliks al.
-
Foar’t wy troch de barte by Slange (no de brêge yn de UT-wei) manoeuvrearren, kamen we lâns in optimmere skou tsjin it sportfjildsje oan. Dêr spatte in finster fan iepen en in rûge skrale kop raasde: “Hooooii”, wylst in frommes mei tizich swart pykhier, mei in glês bier yn ’e hân, it oanfolle mei: “Proast”. Letter by de earste praatsjes mei de buorlju waard ús ferteld dat we wolkom hjitten wienen troch Swarte Roel (Vegelin) en de Prikplank, de doe tsjinstdwaande prostituee fan Akkrum. As sy in klant hie ferdwûn sy dêrmei yn ’e skou en Roel gie salang op it stekje sitten. In moai begjin foar de Akkrumer ferhalen.
-
Aardiger wie it ferhaal fan âlde Jentsje Kerkhof, dy wenne op de ôfloop fan de terp nei de Trigreppel, no “Om ’e Toer”, yn de slinger fan it wetterke neist de tún fan Welgelegen. Syn húske stie mar in meter fan de feartskant en hong hast in bytsje oer nei it wetter. Buorman Herre Mink sei in kear by heech wetter, Jentsje moat de klompen wer oan it spit sette oars driuwe se fuort.
-
Jentsje hie jierren yn Dútslân as boere-arbeider wurke en krige no oer al dy tiid in Dútsk steatspensjoen, wêr hy noflik fan libje koe. Syn oerbuorfrou Sjoerdsma oan de súdkant fan de Trigreppel stapte alle dagen krekt foar tolven yn har skouke en lei oan by de wâl fan Jentsje mei in mieltsje waarm iten, jierren lang, “tafeltje dekje” avant la lettre. Soks wie gewoan, “op jins buorlju moat je wat passe, as dy âlder wurde”. Dat gie noch sûnder organisaasje, mar it groeide al dy kant op. In pear jier letter waard Akke liedster fan de “gezinszorg”, in organisaasje mei ien en al gau twa helpen, dy’t húshâldens dêr’t de frou fan út it stel wie troch sykte of sa bystean koenen. Ja we seagen doe wol oars tsjin it maatskiplik libben oan as no. By it sjen fan âlde foto’s besauwe wy ús wol oer ús simpelheid fan doe. Nim no it plaatsje fan ús âldste dochterke, Willemke, hjir in jier en sa’n fiif moanne âld, mei in amer boartsjend efter op de krappe romte fan de wenarke, sûnder hekje of stekje. Wis mem wie tichte by, mar as it flarde it yn ’t sin hie, stapte sy hiel parmantich de loopplanke fan twa posten breed del nei de strjitte en dan wie de grutste noed dat der in fyts oan komme koe. It wie allegearre hiel gewoan, mar neffens my soe no de “jeugdzorg” ús gau ta “ûntaarde” âlden ferklearre hawwe. Tiden hawwe tiden, mar no moat ik wol oppasse, ik wol der net allinne in famyljeferhaal fan meitsje, ik moat mar trochgean mei in earste ferkenning fan Akkrum, sa as dat der yn dy jierren hinne lei.
-
Dy Trgreppel foldie ús tige, ik wie dan ek ferwûndere, dat ik de opdracht krige om in plan te meitsjen foar it dempen fan dit wetter fan efter Welgelegen oant de Polsleat. Opdracht fan boargemaster Thalen sei myn baas. Ik woe der net oan, mar soks moast ik dat dan sels mar oan de boargemaster fertelle. No, dat die ik, en ik wiisde op it ûntbrekken fan it nut en fan opbringsten om de kosten te dekken en it ferlies fan it moaie doarpsgesicht. Middeis, wylst wy sieten te iten fytse de boargemaster by ús del en letter ûntbea er my op syn buro. De opdracht waard ynlutsen, ik krige gelyk. Dat bepaalde wol mei myn posysje.
-
Letter by in treinreis nei in Ministearje fan Wettersteat, fertelde de boargemaster my, dat hy dêrnei syn oandacht wat op my fêstige hie, omdat er doe al socht nei in nije direkteur fan gemeentewurken. Myn miening oer de Trigreppel en it feit, dat ik hiel handich in showtekening makke fan it nije begraafplak yn Boarn, dy’t hy brûke koe om de riedsleden te oertsjûgjen, hienen him sterke yn de miening dat ik genôch fantasij hie foar dy funksje. Ik wie krekt sûnder sollisitaasje troch de ried beneamd en sa foar in skoftsje sawat de jongste direkteur fan gemeentewurken yn it lân. Ik fertelde him myn fernuvering dat ik by in pear gemeenten fan de selde grutte sollisitearre hie nei sa’n funksje, mar fan Diever sels net iens in oprop krigen hie. “Nee logysk”, sei er doe: “ik hie dy boargemaster al belle dat wy dy beneame soenen. As hy witten hie fan dyn toanielspyljen, woe hy dy fêst ha foar syn Shakespeare iepenloftspullen!”
No earst mar gewoan fierder mei de Akkrum-ferkenning.
-
Efkes fierder as Jentsje wie efter in heech swart skut it boartersplak fan de bewarskoalle en hjir tsjinoer op de hoeke fan it Boerepaed stie de grize houten bargeskuorre fan slachter Willem Pieters Koopmans. Beide hawwe wol ferhalen oplevere, mar fan de bewarskoalle ha ik net folle oars heard as dat de bern elke wike in stoer mei nimme moasten en dat der ek wol guon wienen dy’t dat ûnderweis al opmakken oan snobbersguod. Ien dêrfan syn âlden hienen sels in winkel dêr’t sok guod wol te keap wie. Hûndert jier earder hie dit noch de iennichste doarpsskoalle west, en letter de Frânske Skoalle, foar fuortset learen, sadat de ferneamde Folkert Kuipers (Coopersburg) aardich syn talen koe.
-
Op Willem Pieters komme we wol werom. Dy houten skuorre stie op de hoeke fan it hiem fan in pleats, dy’t nei de oarloch jierren brûkt waard as berchplak en wurkplak fan gemeentewurken, fierders waard it foarein bewenne troch trije húshâldingen, Boetje, Rorije en De Vries De lêste wie de fuorman fan de gemeente, mei syn wyt hynder foar in platte wein, sutele hy alderhande gemeentespullen fan hjir nei dêr. Dizze pleats wie boud foar it gebrûk fan in lange strook tsjerkelân, oan it Deel ta, dat earder troch de pastoar en dominy fanút de pastorij bewurke waard. Yn de pastorijtún binne by graafwurk noch wol âlde fûnamintresten fan Fryske moppen fûn, nei alle gedachten fan in stâl of soks.
-
Noch wat fierder as it brechje nei de Boerestege fyn je ek no noch in stikje âld Akkrum, mei in restant fan in buorkerijterp en sels mei in âld foarhûs fan ien fan de eardere Andringa pleatsen. Dy Andringa’s hearden ta de doarpsadel. Om 1900 hinne wie de pleats al lang sûnder lân en is de skuorre ôfbrutsen. It foarhûs is bewarre bleaun as wente en ek op de foarste muorre fan de skuorre, ûntstienen trije wentsjes. Neist de pleats rûn in reed en dat waard in strjitsje mei oan wjerskanten wat bebouwing. In stikje efter de pleats is ôfgroeven en as terpmodder ferkocht, of faaks al earder útriden oer de meagere landerijen yn de polder op nei it Deel ta. It buertsje krige fan Willem Jehannes Koopmans de namme Finkebuorren omdat in keppel finken en mosken ôfgryslik tsjin inoar yn kwetteren.
-
Yn ien fan de lytse wentsjes yn de âlde foarein, spile ien fan de ferhalen, dêr moat om 1885 hinne in arbeider Coert wenne hawwe mei in húshâldster, dy’t ek yn it doarp te wurkjen gie. It wie in rite fan kâlde winters en de beide sochten wat waarmte byinoar, mar dat hie wol wat gefolgen en yn de hjerst kaam de frou yn it kreambêd te lâne. Dat wie in situaasje foar Coert dêr’t er hielendal net op ynsteld wie, mar hy warskôge de dokter en by it bedstee ljochte hy him sels by. Doe’t de poppe der wie soe Coert him gau mei syn ljochtsje weromlûke, mar dokter rôp him werom: “Hier blijven, er komt nog een”. Coert skrok en sei: “No, dy kinne Jo wol hâlde foar de drokte”. Sa’n útspraak tsjin in dokter, bleau fansels wol yn de folksmûle hingjen.
-
Oan de oare kant fan Finkebuorren wenne âlde Lou Schouwstra mei syn dochter Swaantsje, dy’t juffer oan de bewarskoalle west hie. Doe’t ik in kear in oare auto kocht, in “Lilk eintsje” sei buorman Hindrik Geertsma tsjin my, dat âlde Lou in lúkser model hie: ........ in Swaantsje.
-
Ek in bekend doarpsfiguer fan Finkebuorren, wie Dine, dochter fan in oare Schouwstra. Jierrenlang brocht sy in ploechje bern feilich troch de buorren nei de bewarskoalle yn in lang tou om har team byinoar te hâlden. Dine hie in handicap oan ien earm en koe dêrmei in bulte wurk net dwaan, mar hie op dizze wize doch in ferantwurdlike posysje yn it doarpslibben.
-
Yn hiel âlde tiden rûn it Akkrumer Rak hjir oan de eastkant fan de terp, dêr’t Finkebuorren ûnderdiel fan is, út yn de Trigreppel en oan de oare kant fan dat Rak lei wer in soarte terp mei in pleats derop. Dizze pleats is dêr om 1850 hinne boud as ferfanger fan in pleats dy’t rjocht foar it Heechein stie op it “pleintsje” dat no tsjinoer de Fermanje leit, neist Dringelstrjitte 1. It foarein fan dy pleats yn de Buorren, waard in hiel skoft brûkt as smidderij en op it plak fan de skuorre kamen de wenten dy’t no noch oan de westkant fan it Leechein stean. Dat hiele Leechein bestie trouwens net, dêr wie in opfeart nei de pleats, mei in reed nei it lân oer de Trigreppel. Dy opfeart is al gau damme en sa koe der oan wenne wurde en dêr waard yn 1852 in nije skoalle boud, dy’t yn 1885 al te lyts wie en ferfongen waard troch de skoalle dy’t hjir oan 2005 noch stien hat. De lêste 50 jier allinne mar as berchplak en wurkpleats fan de gemeente. By de oanlis fan it djiprioel yn de 70’er jierren kamen de âlde wâlbeskoeiïngen fan de opfeart noch foar it ljocht.
-
De pleats fan 1850 op it nije terpke, mei in eigen brêge oer de Trigreppel, hat yn 1945 soarge foar in hiel driigjend ferhaal. Yn july ûntstie hjir brân, dy’t oersloech oer de Polsleat en oer it stikje Trijegreppel, dat efter de Buorren noch oan de Feansterdyk troch rûn. Oer brân yn it algemien letter mear.
-
We binne mei de brân al efkes oer de Trigreppel hinne wipt en oan it hert fan it doarp ta kommen. Logysk, dat oan dat part ek de measte ferhalen ferbûn binne, hoe mear minsken en hoe tichter opinoar, hoe mear rabberijen en ferhalen en dy sille ek in haaddiel fan it fierdere wurde. No fine wy dat moaie, sterke ferhalen, mar as men it romantyske gerdyn efkes oan kant skood, is der ek in bulte earmoed en fertriet dat der út sprekt.
-
Dat houten brechje nei dy pleats wie by ús kommen al ferfongen troch in daam mei dûker, dy’t liede nei in strjitteplan foar de útwreiding fan Akkrum. In part wie troch it gemeentlik wenningbedriuw al beboud en hie de namme Sinnebuorren krigen. Ien fan de earste Fryske strjitnammen yn Fryslân en dêr wie noch al wat opskuor oer, sa sels dat de rie besleat ta in dûbelde namme: Sinnebuorren / Zonnebuurt. De nij boude huzen hienen fan foar nei efteren trochrinnende keamers en dat wie wat nijs: “doorzonwoningen” en ek wie dat in griis. Soks waarm stoke koste wat!! Guon bewenners timmeren in skut oerdwers, dan hienen je wer smûke hokjes, as earder yn de steechjes.
-
In slachje fierderop de polder yn wie noch in stik strjitte oanlein, dat yn de takomst oanslute moatte soe op de Ulbe Twynstrawei dy’t al oanlein waard fan de Feansterdyk nei de fabryk fan dy namme. De strjitte westlik fan de Polsleat waard alfêst ek sa neamd, want it moast ien gehiel wurde, dat trochrinne soe oan de Ljouwerterdyk ta, om de smelle Buorren te ûntlêsten.
-
Ien fan myn earste opdrachten wie om it ûntwerp te meitsjen fan it ferbinende stik, tusken beide mei in fêste brêge oer de Polsleat. Ik moast yn myn earste dagen al de boel opmjitte om it plan op papier te krijen en melde my by de eigner, boer Fokke Aukes de Jong, dy’t ik trof op ’e dongbult, dy’t moai midden yn it trasee lei. Hy sei: “Bêst Calsbeek Jo mjitte mar, it sil noch wol hiel wat jierren duorje ear’t hjir in dyk en brêge komt”. Histoaryske wurden, de dyk leit der foar in part al 40 jier, mar in brêge moat der nei trije ûntwerpen noch komme. Wol wie om 1960 hinne it strjitteplan yn de Trigreppel polder suver folboud, útsein it hiem fan De Jong syn pleats. (DE BREGE LEIT DER NO AL, 201 . )
OARE KEAR MEAR!
-
Ha jo sels noch in moaie anekdoate? Wy soene it hiel moai fine as jo it mei ús diele wolle. Folje dan ûndersteand formulier yn en klik op 'Verstuur reactie'.
-
Heeft u zelf nog een mooie anekdote? Wij zouden het heel mooi vinden als u het met ons zou willen delen. Vul dan onderstaand formulier in en klik op 'Verstuur reactie'.