Ulbe Twijnstra's oliemolen "De Eendracht".

earder S.P. Hoitema.

 

Yn 1841 liet Sybren Pieters Hoytema oan de Pollesleat in oaljemole bouwe, dy't hy de namme "De Eendracht" joech. It wie in wynmole, dy't om 1860 hinne ek troch in stoommasine oandreaun waard. It bedriuw gie in pear kear fan heit op soan oer, mar waard yn 1887 ferkocht oan Ulbe Twijnstra. Dy liet de mole mei alles wat derby hearde ôfbrekke en doe liet er in nije fabryk bouwe. De namme de Eendracht feroare yn U. Twijnstra's Oliefabrieken, letter meastal troch de lju koartwei "Twijnstra" neamd. Se ferkochten ûnder it merk UT. UT wie in oaljeslaggerij, dêr't oalje út lânbouprodukten parse waard. De oalje waard meast ferkocht oan de opkommende margarine-yndustry. Fan it residu (de pulp) waarden feekoeken makke. Troch research, konstante kwaliteit en reklame wurdt UT in bekend merk ûnder de boeren.

Yn 1894 brânt it nije fabryk ôf mar wurdt noch datselde jier wer opboud, grutter en moderner as syn foargonger. De saak wurdt hieltyd fierder útwreide en oan de easken fan de tiid oanpast.

Yn 1912 komt Ulbe Twijnstra te ferstjerren yn ‘e âldens fan noch mar 47 jier. Syn soan Tjeerd, dy’t yn 1890 yn Akkrum berne is, brekt syn stúdzje ôf en komt yn de direksje fan it bedriuw. Hy bliuwt 44 jier de haaddirekteur fan it bedriuw. Tjeerd is - krekt as syn heit- in tige ûndernimmend man. Hy wol de ferkeap útwreidzje nei West-Nederlân. UT bout in grutte fabryk yn Maarssen oan it Amsterdam-Rijnkanaal. Dit fabryk komt yn 1921 klear foar gebrûk. It haadkantoar wurdt yn de nije wyk yn Maarssen boud. In soad Friezen gean nei Maarssen as arbeider yn it nije fabryk. Foar harren wurdt in nije wyk yn Maarssen boud, dy’t noch hieltyd de ‘Friezenwijk’ hjit.

Yn 1931 ferkeapet de famylje UT oan Unilever. Tjeerd bliuwt direkteur oant syn pensjoen yn 1956. Hy wurdt opfolge troch syn soan yr. Ubbo Twijnstra.

Yn 1982 fusearret UT mei in oare Unileverdochter (de mingfoerôfdieling fan Calvé-Delft) ûnder de namme UTD. It tal fabriken groeit.

Yn 1986 wurdt UTD troch Unilever ferkocht en komt nei in skoftke yn hannen fan Veevoederfabriek Hendrix. Der wurdt behoarlik sanearre. De fabriken yn Akkrum en Maarssen wurde yn de jierren '90 stillein. De grutte silo wurdt yn 2004 sloopt.

It fabryk hat foar it doarp fan grutte betsjutting west.

 

 

In 1841 liet Sybren Pieters Hoytema aan de Pollesleat een oliemolen bouwen, die hij de naam "De Eendracht" gaf. Het was een windmolen, die rond 1860  ook door een stoommachine werd aangedreven. Het bedrijf ging een paar keer van vader op zoon over, maar werd in 1887 verkocht aan Ulbe Twijnstra. Die liet de molen met alles wat erbij hoorde afbreken om een nieuwe fabriek te bouwen. De naam ''De Eendracht'' veranderde in U. Twijnstra's Oliefabrieken, later door de dorpelingen meestal kortweg "Twijnstra" genoemd. Men verkocht onder het merk UT. UT was een olieslagerij, waar olie werd geperst uit landbouwproducten. De olie werd o.a.  verkocht aan de opkomende magarine-industrie. Van het residu (de pulp) werden veekoeken gemaakt. Door research, constante kwaliteit en reclame werd UT een bekend merk onder boeren.

In 1894 brandt de nieuwe fabriek af maar wordt datzelfde jaar weer opgebouwd, groter en moderner dan zijn voorganger. De zaak wordt steeds verder uitgebreid en aan de eisen van de tijd aangepast.

In 1912  overlijdt Ulbe, pas 47 jaar oud. Zijn zoon Tjeerd, die in 1890 is geboren te Akkrum, breekt zijn studie af en komt in de directie van het bedrijf.  Hij blijft gedurende 44 jaar de hoofddirecteur van het bedrijf. Tjeerd is – net als zijn vader – een zeer ondernemend man. Hij wil de verkoop uitbreiden naar West-Nederland.  UT bouwt een grote fabriek in Maarssen aan het Amsterdam-Rijnkanaal. Deze fabriek komt in 1921 gereed. Het hoofdkantoor wordt verplaats naar Maarssen. Veel Friezen gaan mee naar Maarssen als arbeider in de nieuwe fabriek. Voor hen wordt een nieuwe wijk gebouwd in Maarssen, die nog steeds de Friezenwijk heet.

In 1931 verkoopt de familie UT aan Unilever. Tjeerd bleef de hoofddirecteur tot zijn pensioen in 1956. Hij werd opgevolgd door zijn zoon ir Ubbo Twijnstra. In 1982 fuseerde U.T. met een andere Unilever dochter (de mengvoeder afdeling van Calvé-Delft)) onder de naam UTD.  Het aantal fabrieken neemt toe. In 1986 wordt UTD door Unilever verkocht en komt na enige tijd in handen van veevoederbedrijf Hendrix. Er wordt fors gesaneerd. De fabrieken in Akkrum en Maarssen worden in de jaren ’90 stilgelegd. De grote silo in Akkrum wordt in 2004 gesloopt.

Voor het dorp Akkrum en omgeving is de fabriek van grote betekenis geweest.

Boppe: Stoom- en Wynmole ''De Eendracht'', dy’t yn 1887 troch de heit fan Ulbe Twijnstra oankocht is.

Stoom- en Windmolen ''De Eendracht'', die in 1887 door de vader van Ulbe Twijnstra werd aangekocht.


Under-onder.©  Leeuwarder Nieuwsblad.


Under en boppe; twa foto's fan de werbou nei de grutte brân fan 1894.   

Onder en boven; twee foto's van de herbouw na de grote brand in 1894.

Foto ûnder-onder 1895.

Under: De roustoet fan Ulbe Twijnstra troch Akkrum (1912).

Onder: De rouwstoet van Ulbe Twijnstra door Akkrum (1912).


Under: It autopark fan Ulbe Twijnstra.                

Onder: Het wagenpark van Ulbe Twijnstra.

It fabryk yn letter jierren.

Foto onder 1901.

Under: De kantine mei inkele wurknimmers fan it UTD fabriek. (1952).

Onder: De kantine met enkele werknemers van de UTD fabriek. (1952).

     Boppe: Links foaroan de B 18299, fan N.V. Twijnstra Oaljefabriken, Akkrum, gemeente Utingeradiel. Ofjûn 23-11-1932 (Duplikaaat 27 septimber 1940). Foto is makke yn 1933. (foto-argyf Akkrum Ald en Nij). Links B 18299, dêr njonken B-254, oaren net lêsber.

Twijnstra's Oliefabrieken, Akkrum, gemeente Utingeradiel. (Ofjûn tusken 1 april 1919 en 1 novimber 1920).

        Boven: Links vooraan de B 18299 van N.V. Twijnstra Oliefabrieken, Akkrum, gemeente Utingeradeel. Afgegeven: 23-11-1932 (Duplicaat 27 september 1940). Foto gemaakt in 1933. (Uit archief van Akkrum Ald en Nij. (Links B-18299, daarnaast B-2548, anderen niet leesbaar). 

Twijnstra's Oliefabrieken, Akkrum, gemeente Utingeradeel. (Afgegeven tussen 1 april 1919 en 1 november 1920).

Boppe: In pear moaie âlde jutesekken mei opdruk. Boven een paar mooie oude jutezakken met opdruk.


De stoomoaljemole fan Hoytema, letter Twijnstra.

De stoomoliemolen van Hoytema, later Twijnstra.

 

Hjirûnder it ferhael benammen oer de mole.           Hieronder het verhaal voormamelijk over de molen.


Under: It ofskied fan it UTD-fabryk yn 2002.          

Onder: Het afscheid van de UTD-fabriek in 2002.


Het UTD-Monument.

     Understeand ûntbleatet Boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim It UTD-monumint oan de Loads. (2009). Earst stie it tsjinoer ‘Vakgarage Teo Welles’, mar al gau die bliken dat it monumint in eintsje fierderop better ta syn rjocht  kaam. It binne twa molestiennen dy’t op it UTD-terrein fûn binne.

     Onderstaand onthult burgemeester Ton Baas van Boarnsterhim het UTD-monument aan de Loads.(2009). Eerst stond het tegenover Vakgarage Teo Welles, maar al snel bleek dat het monument een eindje verderop beter tot zijn recht kwam. Het zijn twee molenstenen die op het terrein zijn gevonden.

Mei (ûnder) in Herinneringsbuordsje en it âldste prinsje fan it fabryk

Met (onder) het herinneringsbordje en het oudste prentje van de fabriek.

Under: It monumint op 'e nije lokaasje oan de Loads. (Tsjinoer numer 5)

Onder: Het monument op de nieuwe lokatie aan de Loads. (t.o. nummer 5)

 


Culturele avonden van Sport-Real in UTD-hal.

De culturele avonden van Sport-Real stonden bekend om de BN ers, die er veelal optraden in één van de UTD hallen. Niemand minder dan oa. Willie Caron, Maywood, Jaap van Zweden, Marco Bakker, Maastrichter Staar, Mini & Maxi, Christina Deutekom, Margriet Eshuys en  Louis van Dijk, zorgden voor volle UTD hallen. 


HEEFT U NOG VRAGEN ?

     Ha jo noch in fraach of ha jo noch oanfullingen? Folje dan njonkensteand formulier yn, stel jo fraach en klik op Verzenden. Dan nim ik kontakt mei jo op.

     Heeft u nog een vraag of heeft u nog aanvulling-en? Vul dan naaststaand formulier in en klik op Verzenden. Dan nemen ik contact met u op.