Nijsbrief fan Akkrum Ald & Nij.                        nûmer 5.

It "sipeltsje' (uitje) mei aktive stipers 2019 fan AA&N hat op 14 novimber nei Grou west. Der waard troch Hepke Hiemstra fan âld Grou in rûnlieding jûn troch it âlde Grou. Wy binne begûn by it âlde riedshûs oan de Statsjonswei en sa binne we rjochting sintrum yn it âlde Grou belâne. Nei sa'n oardel oere is de ploech nog efkes traktearre op kofje yn ien fan de hoarekagelegenheden. Dernei is elk syn eigen wei wer  gien. Al mei al in tige slagge middei mei in soad nijsgjirrigheden. As it oan Hiemstra lein hie, hie hy de hiele middei wol fertelle kind! (Foto; by't Oerhaelspaed mei in part fan de Sint Pitertsjerke op 'e achtergrûn. 4e fan rjochts is Hepke hiemstra fan âld Grou).


Wy ha twa belangstellende minsken út Assen yn de regintekeamer hân. Ien fan harren hat it op ien nei grutste warehûs fan Nederlân yn Assen. Hy hat in soad belangstelling foar grutte department store's. Sa ek fan de Big Store yn New York. By tafal hearde hy dat de eigener in âld Akkrumer wie. Hy hat kontakt mei ús socht en op besite westyn de regintekeamer. Wy ha in hiel moai boek krigen rûnom op 'e wrâld. It wie in geweldich ynteresante moarn. Wy komme hjir letter noch in kear op werom.

 


De 'Corona-krisis' hat foar ús 'Stifting Akkrum Ald en Nij' ek gefolgen. Sa soene der twa minsken út it neiteam fan Folkert Kuipers út Amearika nei Akkrum komme, mar dat is ôfblaasd. En ek it befrijingsfeest op en om 5 maaje hinne, der't A.A.&N. ek oan mei dwaan soe is ôfblaast. De Palmsneinoptocht en eksposysje by Goerres, koe ek net trochgong fine. Sa hat dit virus elkenien yn de hiele wrâld yn 'e besnijing. Gelokkich koene wy wol troch gean mei it boek '' Oarloch en ferset yn Akkrum en omkriten''. It boek is gearstalt troch meiwurking fan Jan Eijzenga, Anne Dykstra en Pier van der Heide foar AA&N. It boek is om 15 april hinne (Fryske befrijingsdei) troch hiel Akkrum en Nes (Hûs oan hûs) ferspraat. De Stifting Akkrum Ald en Nij koe dat dwaan mei stipe fan it Klaverblêdfûns.


Akkrum Ald en Nij belûkt de Akkrumer basisskoallebern by de histoarje fan Akkrum en Nes. Groep 7 kaam op besite op Coopersburg. Groep 8 seach in powerpoint-presentaasje op skoalle oer de skiednis fan Akkrum en Nes.