'Boerestege' & 'Boerepaed'



       De Boerestege rint fan de Dringelstrjitte oant it brechje oer de Trigreppel. Der stean mar inkele wenten oan ien kant fan de Boerestege. Oan de oare kant stiet de sydgevel fan de 'Lantearne' en in hok dat oan de tún fan de 'Lantearne' grinzet. In soad matriaal is der ek net oer dit koarte steechje.

      De Boerestege loopt van de Dringelstrjitte tot het bruggetje over de Trigreppel. Er staan maar enkele woningen aan één kant van de Boerestege. Aan de andere kant staat de zijgevel van de Lantearne en een hok dat aan de tuin fan de Lantearne grenst. Veel matiaal is er dan ook niet van dit korte steegje.


       Boppe: De krudenierswinkel fan Louw Oost op de hoeke fan de Dringelstrjitte en de Boerestege. Links op de foto is noch in puntsje te sjen fan it hege hûs fan C. Silvius.

       Boven: De kruidenierswinkel van Louw Oost op de hoek van de Dringelstrjitte en de Boerestege. Links op de foto is nog een puntje te zien van het hoge huis van C. Silvius.


Boppe: De (fer)bouwtekening út 1947 fan de Boerestege nûmer 1.

Boven: De (ver)bouwtekening uit 1947 van de  Boerestege nummer 1.


       Boppe: " It hoekje", de lettere winkel en molksaak fan Jan en Corrie Kleefstra. No is de door yn de foargevel ticht mitsele.

       Boven: "It hoekje", de latere winkel en melkzaak van Jan en Corrie Kleefstra. Nu is de deur aan de voorgevel dicht gemetseld.


Boppe: De (fer)bouwtekening út 1935 fan de Boerestege nûmer 3.

Boven: De (ver)bouwtekening uit 1935 van de  Boerestege nummer 3.


De earmhúzen,             De armenhuizen,

      Dizze earmhuzen sille om 1800 hinne hjir boud wêze. Foar dy tiid ha wy gjin bewenning op dit stee fine kind en út de plattegrûn fan 1830 is op te meitsjen, dat om it hiele blok hinne in paad rûn, sa as dat ek no (19 . .) noch bestiet. De yndieling wie doe lykwols oars as letter. De foarste helte njonken de Boerestege bestie út ien stik; de oare helte wie dwers oer yn twaën ferdield.

Under nr.141 is it hiele blok yn 1813 notearre as eigendom fan “Het dorp Akkrum”.

Oan’t 1851 hie elk doarp yn ‘e gemeente, foar safier de diakonijen fan de tsjerken dêr net foar soargen, de soarch foar de eigen earmen en wy tinke, dat yn ‘e Frânske tiid nei 1800 earmoede troef wie, troch de mienskip, neamd as, “het dorp Akkrum” hjir dit blok set wurden is.

Op de alfabetyske lyst fan eigners dêr't men yn de Frânske tiid begûn is as grûnslach foar it kadaster stiet nr.1 : Arjen Gerrits v.d. Akker en nr.1a Dorp Akkrum, dêr't wy miene opmeitsje te kinnen, dat de byfoeging “a” der op wiist, dat dizze huzen neierhân, dus b.g. efkes nei 1800 hjir boud binne en dat de Trigreppelswâl foar dy tiid ûnbeboud west hat. Men fûn it hjir fêst in gaadlik plak foar de earmhuzen. Yn 1830 stiet dus it doarp Akkrum as eigeneresse foar Kad.nr. 592 “huis en erve met schuur’ oan de Boerestege, nr. 591 idem oan’e Trigreppelswâl en nr. 592 idem efter de beide foargeande oan ‘e dwersstege. Wa’t der wennen, is net oanjûn.Yn 1860 lykwols blike der 6 bewenners te wêzen yn de nr.141 oan’t 141e. Der is doe fan de trije in blok fan 6 makke. Us lyst fan fertimmeringen, ôfbraak of nijbou rint fan 1844 oan’t 1911 en omdat dizze feroaring dêrop net foarkomt, sil dit foar 1844 bard wêze. Wy sille de 6 bewenners fan 1860 mar net opneame, mar begjinne mei 1884, omdat dêr in pear bekende nammen by foarkomme. Op 141 wenne Maria de Groot, bekend as de “Weesmoeder”. Hja soarge foar ûnderdak en opfieding fan âlderleaze bern, fansels mei stipe fan de diakonij en de gemeente (doarp Akkrum.) Op 141a Widdo Kl. Knypstra, 141b Widdo Jelle de Vries, 141c. E. Dijksta en D. de Graaf, letter D. de Graaf en Widdo E. Hottinga, 141d. M. Akkerman mei letter D. de Graaf, en 141e. Widdo A. Krot. D. de Graaf droech de bynamme Douwe de Beer en Widdo Hottinga wie better bekend as Grutte Bet. Oer dy twa binne hiel wat anekdoates troch Durk Bakker yn syn “jeugdoantinkens” foar it neislachte bewarre. Wy meie út dy skiednissen ek opmeitsje, dat alear dizze earmhuzen der ek as sadanich útseagen; hja wienen fan bûten swart optarre en sille der yn de rin fan de jierren net better op wurden wêze.

Hoewol ‘t wy der neat fan fine kind hawwe, mei oannomd wurde, dat de huzen letter, miskien tusken 1880 en 1890 opknapt en sels alhiel ôfbrutsen en opboud binne; it kin ek yn earder jierren bard wêze. (in kadasterkaartsje fan 1895 lit sjen, dat it hiele blok yn 1894 ferfongen is troch nibou. De kant nij it terrein fan de Bewarskoalle is ôfsletten mei in skutting. JC.)

It soe nijsgjirrich wêze om al de mutaasjes yn de bewenning troch te jaan, mar der binne tefolle en dêrom bepale wy ús ta 1905, in jier út ús jongestiid: 143: Fokke Lingsma ( Fokke Pif ), 144: Widdo Ale Boetje ( Petroalje Tryntsje ), 145: Widdo Tj. de Jong (Anke Scheepvaart ), 146: Heinrich v.d.Vegte, 147; Lammert de Boer en 148; Widdo F. Kuipers (Grietje Eisinga). Yn it hoekhûs fan V.d.Vegte hawwe wy letter Widdo v.d.Leen (âlde Doutsje) noch kind.

Yn 1957 binne de huzen grutter makke, d.w.s. fan de seis huzen binne twa makke, wêrby de westlike foar de helte ôfbrutsen binne, sadat der ek wat hiem ûntstie . Oan de D§§wêrsstege wennet no Widdo Tymen de Groot (Tymens Gryt) en as ik my net fersin oan de Trigreppelskant Siete Krist, dy’t leau ik, net sa kristelik is.

De A.O.W. hat der sines ta dien, dat fan earmlêstigen sa goed as gjin sprake mear is. It “âld en earm” hat ôfdien en al bliuwt de namme “earmhuzen” by inkelde lju bestean, yn ‘e praktyk is dêr as sadanich gjin sprake mear fan. Trouwens, de huzen binne   goed bewenber makke, teminsten, as men se fergeliket mei dy fan eartiids, doe’t Douwe de Beer en Grutte Bet dêr noch wennen. ( Taheakke: by it neilêzen moat opmurken wurde, dat it blok fan 6 earmhuzen fan eartiids, yn ±1980 yn syn gehiel oankocht is troch Wietse de Vos, dy’t it alhiel ( foaral it ynterieur) restaureare hat en der in kreaze wente fan makke hat). (Opmakke troch Merten Bakker).

                                           (Zie voor Nederlandse tekst onder (ver)bouwtekening)

      Boppe: Spitigenoch ha we gjin boutekening fan it âlde earmhûs (fan om 1800 hinne) fine kint, wol de (fer)boutekening út 1982 fan Wietse de Vos.

      Boven: Jammergenoeg hebben we niet de bouwtekening van het oude armenhuis (van ca.1800) kunnen vinden, wel de (ver)bouwtekening uit 1982 van Wietse de Vos.


        Deze armenhuizen zullen hier om 1800 heen hier geboud zijn. Voor die tijd hebben we geen bewoning op deze plek kunnen vinden en uit de plattegrond van 1830 is op te maken, dat om het hele blok heen een pad liep, zoals dat ook nu nog bestaat. De indeling was toen anders dan later. De voorste helft naast de Boerestege bestond uit een stuk; de oare helft was dwars over in tweeen verdeeld.

Onder nr.141 is het hele blok in 1813 genoteerd als eigendom van “Het dorp Akkrum”.

Tot 1851 had elk dorp in de gemeente, voor zover de diakonijen van de kerken daar niet voor zorgden, de zorg voor de eigen armen en wij denken, dat in de Franse tijd na 1800 armoede troef was, door de gemeenschap grnoemd als, “het dorp Akkrum” hier dit blok geboud is geworden.

Op de alfabetise lijst van eigenaren waarmee men in de Franse tijd begonnen is als gronnslag voor het kadaster staat nr.1 : Arjen Gerrits v.d.Akker en nr.1a Dorp Akkrum, waaruit wij menen te kunnen opmaken, dat de bijvoeging “a” er op wijst, dat deze huzen naderhand, dus bv even na 1800 hier geboud zijn en dat de Trigreppelswal voor die tijd onbeboud zal zijn geweest. Men vond het hier vast in mooie plak voor de armenhuizen. In 1830 staat dus het doap Akkrum als eigeneresse voor Kad.nr. 592 “huis en erve met schuur’ oan de Boerestege, nr. 591 idem aan de Trigreppelswâl en nr 592 idem achter de beide voorgaande aan de dwersstege. Wie er woonden, is niet aangegeven. In 1860 bv. bleken er 6 bewoners te zijn in de nr.141 tot 141e. Er is toen van de drie een blok van 6 gemaakt. Onze lijst  van vertimmeringen, afbraak of nieuwbouw loopt van 1844 tot 1911 en omdat deze verandering daarop niet voorkomt, zal dit voor 1844 zijn gebeurd. Wij zullen de 6 bewoners van 1860 maar niet opnoemen, maar begjinnen met 1884, omdat daar in paar bekende namen bij voorkomen. Op 141 woonde Maria de Groot, bekend als de “Weesmoeder”. Zij zorgde voor onderdak en opvoeding van ouderloze kinderen, vanzelf met hulp  van de diakonij en de gemeente (dorp Akkrum.) Op 141a Weduwe Kl. Knypstra , 141b Weduwe Jelle de Vries, 141c. E. Dijksta en D. de Graaf, later D. de Graaf en Weduwe E. Hottinga, 141d. M. Akkerman met later D. de Graaf, en 141e. Weduwe A. Krot. D. de Graaf droeg de bijnaam Douwe de Beer en Weduwe Hottinga was beter bekend als Grutte Bet. Over die twee zijn heel wat anekdotes door (heit) Durk Bakker in zijn “jeugdherinneringen” voor het nageslacht bewaard. Wij mogen uit die geschiedenissen ook opmaken, dat alear deze armenhuizen er ook als zodanig uitzagen; Ze waren van buiten zwart geteerd en zullen er in de loop van de jaren niet beter op geworden zijn. Hoewel wij er niets van hebben kunnen vinden, mag worden aangenomen, dat de huizen later, mischien  tussen 1880 en 1890 opgeknapt en zelfs helemaal afgebroken en opnieuw geboud zijn; het kan ook in eerder jaren geweest zijn. (Een kadasterkaartsje van 1895 laat zien, dat het hele blok in 1894 vervangen is door nieuwbouw. De kant richting het terrein van de bewaarschool is afgesloten met een schutting. JC.)

Het zou mooi zijn, al de mutaties in de bewoning door te geven, maar er zijn teveel en daarom bepalen wij ons tot 1905, een jaar uit onze jongenstijd: 143: Fokke Lingsma ( Fokke Pif ), 144: Weduwe Ale Boetje ( Peterolie Tryntsje ), 145: Weduwe Tj. de Jong (Anke Scheepvaart ), 146: Heinrich v.d.Vegte, 147; Lammert de Boer en 148; Weduwe F. Kuipers (Grietje Eisinga). In het hoekhuis van V.d.Vegte hebben wij later Weduwe v.d.Leen (âlde Duotsje) nog gekend. In 1957 zijn de huizen groter gemaakt, d.w.z. van de zes huizen zijn twee mgemaakt, waarbij de westelijke voor de helft afgebroken zijn, zodat er ook wat erf ontstond . Aan de dwêrsstege woont nu Widuwe Tymen de Groot (Tymens Gryt) en als ik mij niet vergis aan de Trigreppelskant Siete Krist, die geloof ik, niet zo christelijk is.

De A.O.W. heeft er voor gezorgd, dat van armlastigen zo goed als geen sprake meer is. Het “oud en arm” heeft afgedaan en al blijft de namme “armenhuizen” bij enkele personen bestaan, in de praktijuk is er als zodanig geen sprake meer van. Trouwens, de huizen zijn goed bewoonbaar gemaakt, teminsten, als men ze vergelijkt met die van eertijds, toen Douwe de Beer en Grote Bet er nog woonden. (Bij het nalezen moet worden opgemerkt, dat he blok van 6 armenhuizen van eertijds, in ± 1980 in zijn geheel aangekocht is door Wietse de Vos, die het helemaal (vooral het interieur) heeft gerestaureerd en er een nette woning van heeft gemaakt)
. (Opgemaakt door Merten Bakker).

Boppe: De  ofaal yn 'e foto (1931) lit de eardere earmhuzen sjen oan de Boerestege. Op dit stuit (2019) wenje Wietse en Geke de Vos hjirre.

Boven: De ovaal in de foto (1931) laat de eerdere armenhuizen zien aan de Boerestege. Thans (2019) wonen Wietse en Geke de Vos hier.

       Boppe: In moaie foto fan de Boerestege mei derop it hûs fan de famylje Krist en de Groot. De foto komt fan © Siete Krist dy't no yn Den Helder wennet. Hielendal rjochts op de foto it hege hûs fan de famylje . . .  (Foto: Jierren "60).

       Boven: Een mooie foto van de Boerestege met daarop het woonhuis van de familie Krist en de familie de Groot. De foto komt van © Siete krist die nu in Den Helder woont. Hellemaal rechts het hoge huis van de familie . . .   (Foto: 60er jaren).

       Boppe: De efterkant fan de huzen oan de Boerestege. Sjoen fan de Trigreppel ôf, mei sicht op it hûs fan de famylje Krist. (Foto: om 1958 hinne).

       Boven: De achterkant van de huizen aan de Boerestege. Gezien vanaf de Trigreppel, met zicht op het huis van de familie Krist. (Foto: Ca: 1958.).


        Boppe: Tymen en Griet de Groot. Ik doar wol hast te sizzen: Guon fan de bekindste minsken fan Akkrum yn de sechstiger jierren. De measte minsken sille de famylje Tymen en Griet de Groot noch wol heuge kinne. In bysûndere famylje mei twa lichtingen bêrn. In portret fan Tymen en Griet, (de Groot).

        Boven: Ik durf wel bijna te zeggen: Een paar van de bekendste mensen uit Akkrum uit de zestiger jaren. De meeste mensen zullen zich familie Tymen en Griet de Groot nog wel kunnen herinneren. Een bijzondere familie met twee lichtingen kinderen. Een portret van Tymen en Griet, (de Groot) .


Boppe: Oan it kuierjen oan de Dringelstrjitte. Boven:Aan het wandelen aan de Dringelstrjitte.

      

       Links: De trouakte van Tymen de Groot en Grietje (de Groot) Bijlsma op 18 july 1931. Sy krigen tsien bêrn. Te witten: Afke, Setske, Roelofje (Roelie), Folkert, Fokko, Jappie, Tinus, Rense en de jongste Grietje. Ien namme is net bekind.

De famylje de Groot hat op fjouwer plakken yn 'e Boerestege wenne. Earst wennen sy yn it middelste fan seis húskes oan de kant fan de tsjerke, dernei binne sy nei de meast westelike wenning ferhuze fan it dûbele blokje tusken Krist en Kleefstra. Nei de ferbou binne sy werom gien nei de dûbele wenning. Sy ha ek noch yn ien fan de oare wenningen oan de Boerestege wenne.

       Links: De trouwacte fan Tymen de Groot en Grietje (de Groot) Bijlsma. op 18 juli193. Zij kregen tien kinderen. Te weten; Afke, Roelofje (Roelie), Folkert, Fokko, Jappie,Tinus, Rense en de jongste Grietje. Een naam is onbekend.

De familie de Groot heeft op vier plekken in de Boerestege gewoond. Eerst woonden ze in het middelste van de 6 huisjes aan de kerkzijde, daarna zijn ze naar de meest wetselijke woning verhuisd van het dubbele blokje tussen Wietse en Corrie Kleefstra. Na de verbouw zijn ze terugverhuisd naar de dubbele woning. Ze hebben ook nog in één van de andere woningen aan de Boerestege gewoond.

 


      It Boerepaed rint fan de Trigreppel nei de Ulbe Twijnstrawei en kin beskôge wurdde as in fuortsetting fan de Boerestege. Foarhinne rûn hjir in paad lâns foar de boeren, dy't lân hienen yn 'e polder. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).

       Het Boerepaed loopt fan de Trigreppel naar de Ulbe Twijnstrawei en kan worden beschoud als een voortzetting van de Boerestege. Voorheen liep hier in pad langs voor de boeren, die land  in de polder hadden. (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).


Boppe: It Boerepaed fan om 1965 hinne.                      Boven: It Boarepaed van ca. 1965.

             Boppe: It Boerepaed fan om 1965 hinne.                      Boven: It Boarepaed van ca. 1965.

 

            Boppe: It Boerepaed fan om 1970 hinne.                      Boven: It Boarepaed van ca.1970.

 

Boppe: It Boerepaed fan om 2018 hinne.                     Boven: It Boerenpaed van ca. 2018.

Boppe/boven: Foto Boerepaed yn 2019/2020. Vanaf UT wei.