Van 

Christelijk Nationaal Schoolonderwijs (C.N.S.)

naar

"Ds. Hasper Skoalle" (D.H.S.).

 

       Dizze skoalle is yn 1919 stifte as Bysûndere Legere Skoalle oan de Boarnsterdyk tsjinoer de bûterfabryk. Yn de omgong wurdt er meast de Kristlike Skoalle neamd. Lang hat men fan tsjerkewegen wachtsje moatten op in eigen skoalle en waard foar it stiftsjen dêrfan nochal tsjinwurking ûnderfûn, mar foarútrinnend op de finansjele lykstelling mei it iepenbier ûnderwiis, weage men de grutte stap en waard op de útwurking fan de plannen alle war dien. Benammen oan de ynfloed fan ds. Hasper út Aldeboarn en syn kennis oangeande ûnderwiisynstellingen is te tankjen, dat yn 1919 in skoalle foar "Christelijk onderwijs" ta stân kaam, dy't nei syn promotor neamd waard. As nijsgjirrige by-komstigheid moat noch wol wiisd wurde op in eigen skoalle fan de famylje Van Woerden, dy't yn prinsipe gjin bêrn nei de iepenbiere skoalle stjoere woe. De dochters fan de âlde hear Van Woerden krigen oan hûs les fan in "gouvernante", en de soannen gongen nei master Van Hemert nei de eigen skoalle oan it Bregegat. Doe't yn 1919 de Ds. Hasperskoalle klear kaam mochten de bernsbern dêrhinne en waard de eigen skoalle opdoekt. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).

       Deze school is in 1919 gesticht als Bijzondere Lagere School aan de Boarnsterdyk tegenover  de zuivelfabriek. In de omgang wordt deze meestal de Christelijke School genoemd. Lang heeft men van kerkwegen moeten wachten op een eigen school en werd voor het stichten  ervan nochal tegenwerking ondervonden, maar vooruitlopend op de financiële gelijkstelling met het openbaar onderwiis, waagde men de grote stap en werd op de uitwerking van de plannen, met alles  wat mogelijk was, gewerkt. Voornamelijk aan de invloed van Ds. Hasper uit Aldeboarn en zijn kennis wat betreft onderwijs instellingen is het te danken, dat in 1919 een school voor "Christelijk Nationaal Onderwijs" tot stand kwam, die naar zijn promotor genoemd werd.

Als nieuwschierige bijkomstigheid moet nog wel worden gewezen op een eigen school van de familie Fan Woerden, die in princiepe geen kinderen naar de openbare school wou sturen. De dochters van de oude heer Van Woerden kregen les aan huis van een "gouvernante", en de zonen gingen naar meester Van Hemert naar de eigen school aan it Bregegat. Toen in 1919 de Ds. Hasperskoalle gereed was gekomen mochten de kleinkinderen er heen en werd  de eigen school opgedoekt. (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).


      Boppe: Der is grif al earder frege om in Skoalle mei de Bibel, (sjoen boppesteand berjocht, febrewaris 1887) mar dat is lang tsjinhâlden, dochs einlings yn 1916 wurdt der (foarsichtich) gehoar oan jûn en komt der mei op oantrunen fan Ds. Hasper in Christelik Nasjonale Skoalle yn Akkrum. De nije skoalle dy't yn septimber 1919 iepenene wurdt, is ek nei him ferneamd. Ynkoarten (september 2019) hat de skoalle 100 jier bestien en wurdt der feest fiert.

      Boven: Er was vast al eens eerder om een School met de Bijbel gevraagd ol, (gezien bovenstaand bericht, februari 1887) maar dat is lang tegengehouden, toch eindelijk in 1916 wordt der gehoor aan gegeven en komt der mede op aandringen van Ds. Hasper eenn Christelijke Nationale  School in Akkrum. De nieuwe school die in september 1919 wordt geopend, is tevens naar hem vernoemd. Binnenkort (6 september 2019) heeft de school 100 jaar bestaan en zal er feest worden gevierd.

 



 Boppe/boven: Foto ca. 1920.

Boppe/boven: Het boekje: 'Mededeelingen namens het bestuur van de vereeniging voor Christelijk Nationaal Schoolonderwijs te Akkrum en omstreken'. (April 1920, No 2). Soortgelijk boekje is 7 maal uitgegeven.


Understeand: Krante artikels mei nijs út meardere kranten. (Op datum).

Onderstaand: Krant artikels met nieuws uit meerdere kranten. (Op datum).


      Boppe; De Christlike Nasjonale Skoalle (CNS) krige pas yn 1959, bij harren fjirtich jierich bestean  de namme: de "Dominee Hasper Skoalle".

      Boven; De Christelijke Nationale School  (CNS) kreeg pas in 1959, bij het 40 jarig jubileum, de nieuwe naam de "Dominee Hasper Skoalle".


Boppe en ûnder: Foto en kranteknipsel fan de ferslachjouwing fan de iepening diel RW 32. Maaie1963.

Boven en onder: Foto en krantenartikel van de verslaggeving van de opening deel RW 32. Mei 1963.

Klik hier om een tekst te typen.







      Boppe: Frou Lamsma hat skjinmakster fan de D.H.S .west fan 1958 oant 1978. Dernei kaam frou Gryt Visser oant 1992, dernei naam Matty de Jong it wer fan har oer, om de skoalle skjin te meitsjen.

      Boven: Mevr. Lamsma is schoonmaakster van de D.H.S. geweest van 1958 tot aan 1978. Daarna kwam Griet Visser tot 1992, waarna Matty de Jong het van haar overnam om de school schoon te maken en 2019 nog steeds doet.



Boppe: Ofskied fan Master Inia.           Boppe: Noch gjin jier letter . . .

Boven: Afscheid van Meester Inia.       Boppe: Nog geen jaar later . . .











Ha jo noch fragen, folje dan njonken steand formulier yn en klik op 'Verzenden'.

Heeft u nog vragen, vul dan naast staand formulier in en klik op 'Verzenden'.