Stifting 'Akkrum Ald en Nij'

Dizze side is twatalich.                           -                                 Deze site is tweetalig.

Sûnt jannewaris 1942.

Sinds januari 1942.


Dizze side hat in sykfunksje, yn 'e menubalke.

  Deze site heeft een zoekfunctie, in de menubalk.

(De side is noch lang net folslein).               (Deze site is nog lang niet volledig).

 


       Jo kinne ek noch hieltyd op de facebooksites fan Akkrum Ald & Nij, en Akkrum Nes yn 't ferline sjen. Klik derfoar op ûndersteande linken.

       U kunt ook nog steeds op de facebooksites Akkrum Ald & Nij, en Akkrum Nes yn 't ferline kijken. Klik daarvoor op onderstaande linken.

 


Frysk.                                        Nederlands.

       Wolkom op de nije webside fan Akkrum Ald & Nij .
Om ek de minsken dy’t net op Facebook sitte te geriven, hat it bestjoer fan Akkrum Ald & Nij
besletten om relevante ynformaasje ek fia in webside beskikber te meitsjen.
Dit is de nije webside fan de Stifting Akkrum Ald & Nij. (De side is noch lang net folslein). De kommende tiid sil de side
útwreide wurde mei noch mear histoaryske teksten en bylden, sadat er in noch bettere ynformaasjeboarne wurde sil foar de ynwenners fan Akkrum en Nes en foar oaren dy’t niget hawwe oan dizze twa moaie doarpen en harren wide omjouwing.

 

       Welkom op de nieuwe website van Akkrum Ald & Nij.
Om ook de mensen die niet op Facebook zitten van dienst te zijn, heeft het bestuur van Akkrum Ald & Nij besloten om relevante informatie ook via een website
beschikbaar te stellen. Dit is de nieuwe website van de Stichting Akkrum Ald & Nij. (De site is nog lang niet volledig.) Deze zal de komende tijd worden uitgebreid met historische teksten en beelden en zal daarmee een nog betere informatiebron worden voor de inwoners van Akkrum en Nes en voor iedereen die belangstelling heeft voor deze twee mooie dorpen en hun wijde omgeving.

 

        Folje dan understeand formulier yn, en klik op Verzenden. It kin jierliks al fan €.8,50 ôf.

       Vul dan onderstaand formulier in, en klik op Verzenden. Het kan jaarlijks al vanaf €.8,50.


  De meidochside fan en foar Akkrumers en Neskers.

       De bedoeling is dat wy, fan no ôf, om de 1e fan 'e moanne hinne in nije side presintearje. Jo hawwe elke moanne de gelegenheid om dêrop te reagearjen. Wy freegje jo om oanfollings mei jo foto's en/of ferhalen oer it tema fan de moanne. Jo kinne reagearje troch it formulier hjirboppe yn te foljen en op 'Verzenden' te klikken. Mei jo bydrage helpe jo de Akkrumer en Nesker mienskip.

De meedoesite van en voor Akkrumers en Nessers.

       De bedoeling is dat wij, vanaf nu, rond iedere 1e van de maand een nieuwe pagina presenteren. U heeft elke maand de gelegenheid om daarop te reageren. Wij vragen u om aanvullingen met foto's en/of verhalen over het thema van de maand. U kunt
reageren door het formulier hierboven in te vullen en op 'Verzenden' te klikken. Met uw bijdrage helpt u de Akkrumer en Nesser gmeenschap.


                Boppesteand in akwarel fan 'e Cleef (om 1750 hinne) troch Cornelis Pronk.               

Bovenstaand een Aquarel van de Cleef (ca. 1750) door Cornelis Pronk.


       Dit is tagelyk in oprop om dokuminten en byldmateriaal mei ús te dielen. Hawwe jo noch nijsgjirrige ferhalen, bylden of oare dingen dy’t in oanfolling op it argyf fan Akkrum Ald en Nij wêze kinne? Wy hearre it graach en meitsje dan in sken of in foto fan jo materiaal, sadat jo it kostbere stik net hoege te missen. Stjoer in mail nei piervanderheide@gmail.com en hy komt graach efkes by jo del mei syn skenner en syn kamera. Jo ferhalen wurde opskreaun.

       Dit is tegelijk een oproep om documenten en beeldmateriaal met ons te delen. Heeft u nog interessante verhalen, foto's of iets anders dat een aanvulling op ons archief kan zijn? Wij horen het graag en maken dan een scan of een foto van uw materiaal, zodat u het kostbare stuk niet hoeft te missen. Stuur een mail naar piervanderheide@gmail.com en hij komt graag bij u langs met zijn scanner en zijn camera. Uw verhalen worden genoteerd.

Skiednis fan de Stifting Akkrum Ald & Nij.

       It sil op 24 jannewaris 1942 west hawwe, dat "Ackrom, Yn ús doarpsrounte meiinoar ien" oprjochte waard troch in ploechje fanatike Akkrumer sneupers. Derút wei is Akkrum Ald & Nij (likernôch 1980) stadichoan foarme ta wat it hjoed-de-dei is. It âlde logo kaam koartlyn by de dochter fan mei-oprjochter Siebe van Dam tefoarskyn. Hy hat it sels ûntwurpen. De stifting hat it krigen fan de famylje en brûkt it no by bysûndere gelegenheden. Sa as bygelyks it 75-jierrich bestean fan de Stifting. Op de iepenbiere jûn fan 2018 is dat feit betocht. Alle oanwêzigen waarden op dy jûn ynLeppehiem traktearre op kofje en gebak mei dêrop it âlde logo (1942).

Geschiedenis van de Stichting Akkrum Ald & Nij.

       Het zal op 24 januari 1942 geweest zijn dat "Ackrom, Yn ús doarpsrounte meiinoar ien" opgericht is door een groepje fanatieke Akkrumer sneupers. Van daaruit heeft Akkrum Ald & Nij (ongeveer 1980) langzaam zijn huidige vorm aangenomen. Het oude logo kwam pas geleden tevoorschijn bij de dochter van medeoprichter Siebe van Dam. De stichting heeft het originele, door Van Dam ontworpen logo gekregen van de familie en gebruikt het nu bij bijzondere gelegenheden. Zoals bijvoorbeeld het 75-jarig bestaan van de stichting. Tijdens de dorpsavond van 2018 is dat feit herdacht. Alle aanwezigen werden op die avond getrakteerd op koffie met gebak met daarop het oude logo (1942).


       De Stifting Akkrum Ald & Nij hâldt him benammen dwaande mei it ferline fan Akkrum en Nes, mar it nije hat ek ús omtinken. It bestjoer bestiet op it heden út; Bart Dikkerboom (foarsitter), Appie Kamstra (skriuwer), Douwe van der Meulen (ponghâlder), Pier van der Heide (argyf) en Theo Mast (lid). Akkrum Ald & Nij hat syn sit yn de regintekeamer fan Coopersburg en hâldt syn gearkomsten dêr ek. Yn 'e rin fan 'e jierren hat Akkrum Ald & Nij in respektabele samling foto- en filmmateriaal oer Akkrum en Nes opboud. Dêrnjonken sit yn it argyf in grutte mannichte oar materiaal dat mei de skiednis fan ús gebiet te krijen hat. Likegoed wolle wy graach noch mear materiaal. Hawwe jo wat nijsgjirrichs? Of ha jo tiid en nocht om ús te fersterkjen, dan krije we graach in e-mail op stiftingakkrumaldennij@gmail.com. Op dat adres kinne jo ek fragen stelle oer de skiednis fan Akkrum en Nes. Wy sille ús bêst dwaan om jo in goed en passend antwurd te jaan. Of sjoch op 'Contact'. Folje bygeand formulieryn en klik op‘Verzenden’.

       De Stichting Akkrum Ald & Nij houdt zich voornamelijk bezig met het verleden van Akkrum en Nes, maar ook het nieuwe heeft onze aandacht. Het bestuur bestaat op dit moment uit; Bart Dikkerboom (voorzitter), Appie Kamstra (secretaris), Douwe van der Meulen (penningmeester), Pier van der Heide (archief) en Theo Mast (lid). Akkrum Ald & Nij zetelt in de regentenkamer van Coopersburg. Het bestuur houdt daar ook zijn vergaderingen. In de loop van de jaren heeft Akkrum Ald & Nij een respectabele verzameling foto- en filmmateriaal over Akkrum en Nes opgebouwd. Daarnaast is er een grote verscheidenheid aan geschreven materiaal over de geschiedenis van ons gebied. Heeft u nog wat bijzonders? Of heeft u tijd en zin om onze stichting te komen versterken, dan onvangen wij graag een e-mail op stiftingakkrumaldennij@gmail.com. Op dat adres kunt u ook vragen stellen over de geschiedenis van Akkrum en Nes. Wij gaan ons best doen om u een passend antwoord te geven. Of kijk op 'Contact' Vul bijgaand formulier in en klik op 'Verzenden'.

 



       Coopersburg is ús thús. Us paradehynderke. Wy binne der dan ek hiel grutsk op en it is ús ek in grutte eare dat wy hjir sitte meie. Coopersburg is de pearel fan Akkrum. Dêrom jouwe wy jo fia dizze webside in foarpriuwke om sa efkes by 'ús' Coopersburg te sjen. Wolle jo dit ek ris yn it echt dwaan? Stjoer ús dan in berjochtsje of belje ien fan ús. Dan krije jo in rûnlieding, mei it moaie ferhaal fan Folkert Kuipers, alias Frank Cooper, en syn emigraasje nei It lân fan beloften. In besite oan it Mausoleum, dêr’t de stichter fan Coopersburg en syn frou opbiere lizze, krije jo der fergees by. It duorret likernoch in oere. De kosten fan in rûnlieding troch Coopersburg binne mar € 2,50 de persoan by in groep fan minimaal fjouwer persoanen. In groep kin op syn meast bestean út 14 persoanen. Is jo groep grutter, dan graach earst even oerlizze. Foar reservearjen, folje boppesteand formulier yn en klik op 'Verzenden'.

       Coopersburg is ons thuis. Ons paradepaardje. Wij zijn er dan ook heel trots op en het is ons ook een grote eer dat wij hier mogen zitten. Coopersburg is de parel van Akkrum. Daarom geeft Akkrum Ald & Nij u via deze website een voorproegje om zo even bij 'ons' Coopersburg te komen kijken. Is dat niet genoeg? Dan kunt u ook een echte rondleiding krijgen. Bel of mail ons eventjes. Of klik op: Contact. Dan krijgt u een rondleiding van iemand van ons team, die u ook het mooie verhaal vertelt van Folkert Kuipers, alias Frank Cooper, en zijn emigratie naar het Land der beloften. Een bezoek aan het Mausoleum, waar de stichter van Coopersburg samen met zijn vrouw is opgebaard, krijgt u er dan gratis bij. Het duurt ongeveer een uur. De kosten zijn slechts € 2,50 per persoon, bij een groep van minimaal 4 personen. De maximale grootte van een groep is 14 personen. Voor grotere groepen graag eerst even overleggen. Voor reserveren vul bovenstaand formulier in en klik op 'Verzenden'.