It âlde stoart. (Dwinger)           Tusken it spoar en de Boarn.

       It âlde gemeentestoart fan Akkrum, tusken de Boarn en it spoar, sil brûkt wêze oant ein jierren '50, om't doe it stoart nei de N32 gien is, dêr't in sânwinput wie foar it oanlizzen fan dy nije dyk. Doe’t dy net mear brûkt waard is der in stoart fan makke.

     Yn de jierren ‘50, sis mar, wie de dwinger yn Akkrum noch fol yn bedriuw. Doe’t se der mei ophâlden binne, is alles grif bedobbe, krekt as se dien ha mei de jiskebult op Haskerdiken (krekt oer it spoar, lofts, foarby de âlde iisbaan) en by Raerd (yn de lêste skerpe bocht foar it doarp).

     Boppe: It âlde gemeente stoartplak fan de reinigingstsjinst fan Akkrum, lei oan de Boarn. Ek foar de húsketûntsjes wie dêr it plak om se te leegjen.

      Boven: De voormalige oude gemeente stortplaats van de reinigingsdienst van Akkrum, was aan de Boarn. Ook voor de 'privaattonnen' was daar de plek om ze te legen.

 

     Boppe en ûnder: It âld stoart oan de Boarn, mei de Akkrumer toer op 'e eftergrûn. (Jierren 50).

     Boven en onder: De oude stort aan de Boarn met de Akkrumer kerk op de achtergrond.(Jaren "50).


Understeand in aardige anekdoate fan J.C. op it lettere stoart oan de N32.

    In geregeld útrukobjekt wie it stoartplak fan de reinigingstsjinst oan de N32 tsjinoer de fierste spoarweioergong súdlik fan Akkrum, dy’t no ferfallen is. Dat wie in sânwinput foar de oanlis fan de nije wei. No liket it in aardich boskje, mar jimme wolle net witte wat hjir allegearre yn ferdwûn is oan net selektearre bedriuwsôffal en hússmoargens. Sels is der fêst ien folsleine VW-kever yn ferdwûn. Dy boel stie geregeld yn ‘e brân, oanstutsen of broei, dat wie meast net nei te gean. Hinderlik wie it grutte tal rotten, dat opdûkte by sokke brânen. Jan de Jong hie in kear in moai stevich blusplak fûn, it dak fan de noch net hielendal fuortsonken VW-kever. Hy rôp: “Hjir krije de rotten gjin skrep op, ik hear se krassen mar se glide werom”. (J C).


Frans en Johan Schuurmans by harren efter hûs. (By it stoart).


Herinneringen fan Johan Schuurmans (soan fan Durk en Yke Schuurmans) oan it âlde stoart tusken de Boarn en it Spoar.

      Us pake Frans Schuurmans en beppe Aaltsje Schuurmans-Mulder ha wenne yn it húske by it âlde stoart oan de Boarn. Johan is berne oan de Dringelstrjitte neist Wobbe en Jantsje Oost (de âlders fan Louw Oost). Yn myn ûnthâld gongen we faak sneintemoarns nei pake en beppe ta. Oer de Leppedyk en by boer Hijlkema troch de modder oer de polderdyk troch it lân. Dan moasten we oer it spoar en nei 100 m. ston it spultsje dêr. Pake hie wat kij en wat skiep. Hy waard ek troch oare boeren ynhierd foar it wurk op it lân. En hy paste op de Dwinger. Hjir mochten wy as bern net by yn de buert komme. Der wie in djip gat dêr't de (skyt)tûntsjes yn lege waarden. It wie libbensgefaarlik. De pream mei de tûntsjes waard hjir lege, mar ek it oare ôffal kaam hjir op in bult. Ik wyt net wannear’t se mei opheljen stoppe binne. Wy krigen sels pas yn 1962 in wetterkloset en in dûs. (Earder gongen we eltse wike nei it badhûs oan de Greidwei (no Lange Miente). Pake en Beppe binne letter ferhuze en it hûs is ferkocht as rekreaasjewenning. It hat der noch lang stûn.


     Boppe: Efkes wie der sprake fan, dat de Bokkumermar gemeentestoart wurde soe, yn meart 1957.

     Boven: Even was er sprake van, dat de Bokkumermar gemeentestort zou worden, in maart 1957.

 


      Gemeente Utingeradiel hat efkes socht om in nij stoartplak, mar dat wie noch net sa maklik as dat it like. Der wiene meardere opsjes, mar dan stjitten se wer op protest en oare saken. (Sjoch boppe). Mar it sil earne yn 1962 west hawwe dat it nije plak bekend waard. It wie it sângat besuden Akkrum, dêr't sân úthelle wie foar de nije RW 32. Tsjinoer de spoarweioergong besuden Akkrum.

Oantinkens fan Jan Calsbeek, Direkteur gemeentewurken Utingeradiel: Yn 1962 kaam de rykswei 32 klear fan Werpsterhoek oant Sythuzen. Hjirfoar wie sân brûkt út in kop tsjinoer de âlde spoarweioergong, werfan’t in leech gat oerbleaun. Yn dizze wei kaam ek in brêge oer de Boarn, werfoar’t dat wetter wat omlein wurde moast en it âlde stoartplak foar Akkrum, it jiskelân neist Schuurmans ferfalle moast. De jiskepream fan Akkrum ferfoel, lykas de tonnepream. Doe is besocht foar trije gemeenten in reinigingstsjinst op te setten, mar dat slagge net. Foar Akkrum is doe in skoftsje it terrein fan Boarn, efter de gersdrûgerij oan de Boarn brûkt. Mar dat wie te omslachtich. Utingeradiel liet doe in tonnewein meitsje en kocht in Unimog as trekker hjirfoar. Sikke Hempenius helle in rydbewiis en sa waarden rûnom de tonnen ophelle, ek yn doarpen fan Raerderhim. It ôffal waard ophelle mei in frachtauto fan Raerderhim en earst noch in skoftsje yn Raerd stoart, mar al gau waard doe ek dat fan Raerderhim stoart yn it gat by Sythuzen, sa redenearjend sil soks yn de rin fan 1962 begûn wêze. It stoarten dêr gie troch oant ik by de gemeente wei gie yn 1976, it soe wolris stoppe wêze kinne yn de begjintiid fan Boarnsterhim ?? Faaks wit Bert Pippel, de man fan Wietske Dikkerboom hjir noch wat fan. Noch in oantekening by dit ferhaal, doe’t de firma Geluk klear wie mei de sânspuiterij út dit gat, woenen sy de sûger (yn wêzen in lange stielen bak) ôffiere troch it feartsje lâns it dykje nei Nije Skou. Under it brechje yn ’t spoar slagge maklik. Mar ûnder de Rykswei rûn it fêst ûnder de balken fan it brechje. Mei in laskbrâner waard besocht in útstekkend stik los te brânen mar dat woe ek net maklik en der waard besletten (it wie freedtejûn) om it de oare wike mar te dwaan. In oere as wat letter kaam der in automobilist yn Akkrum melden, dat it by dat plak allegearre reek en flammen ûnder de wei út kamen. De brânwar der hinne en de motorspuit op feilige ôfstân. Mei it brânen hienen fonken in bult poetskatoen en losse troep flamfetsje litten. No mei miststrielen wie it frij gau út, mar foar de wissens woenen we der mar in steal wetter yn pompe. Doe’t fan de spuit ôf gjin reaksje kaam rûn ik der hinne en dêr hong ús pompbetsjinner/sjofeur oer de kap fan de auto. Wyb Fennema hie in hertoanfal. Syn omkesizzer Harm hat him fuort nei It Hearrenfean brocht en dêr is er noch wat oplape, mar hy hat nea wer wurke.  .                                                                                                                         (Tekst: Jan Calsbeek).

     Gemeente Utingeradiel heeft even gezocht naar een nieuwe stortplaats, maar dat was nog niet zo gemakkelijk als dat het leek. Er waren meerdere opties, maar dan stuitte men weer op protest en andere zaken. (Zie boven). Maar het zal ergens rond 1962 geweest zijn dat de nieuwe plek bekend werd. Het was het zandgat ten zuiden van Akkrum, waar zand uit is hehaald voor de nieuwe RW 32. Tegenover de spoorwegovergang ten zuiden van Akkrum.                                                              

Herinneringen van Jan Calsbeek, Direkteur gemeentewerken Utingeradiel: In 1962 kwam de rykswei 32 gereed van Werpsterhoek tot Sythuzen. Hiervoor was zand gebruikt uit een kop tegenover de oude spoorwegovergang, waarvan een groot leeg gat overbleef. In deze weg kwam ook een brug over de Boarn, waardoor het water iets moest worden verlegd en de oude stortplek voor Akkrum, het 'jiskelân' naast Schuurmans moest vervallen. De vuilnispraam van Akkrum verviel, net als de tonnenpraam. Toen is geprobeerd voor drie gemeenten een reinigingsdienst op te zetten, maar dat is niet gelukt. Voor Akkrum is toen een poosje het terrein van Aldeboarn, achter de grasdrogerij aan de Boorne gebruikt. Maar dat was te omslachtig. Utingeradiel liet toen een tonnenwagenn maken en kocht een Unimog als trekker hiervoor. Sikke Hempenius haalde het rijbewijs en zo werden rondom de tonnen opgehaald, ook in dorpen van Raerderhim. Het afval werd opgehaald met een vrachtauto van Raerderhim en eerst nog een poosje in Raerd gestort, maar al snel werd toen ook dat van Raerderhim gestort in het gat bij Sythuzen, zo redenerend zal zoiets in de loop van 1962 zijn begonnen. Het storten daar ging door tot ik bij de gemeente wegging in 1976, het zou weleens gestopt kunnen zijn in de begintijd van Boarnsterhim. Misschien weet Bert Pippel, de man van Wietske Dikkerboom hier nog iets van. Nog een aantekening bij dit verhaal, toen de firma Geluk klaar was met de zandspuiterij uit dit gat, wilden zij de zuiger (in wezen een lange stalen bak) afvoeren door het slootje langs het weggetje naar Nije Skou. Onder het bruggetje in het spoor ging dat gemakkelijk. Maar onder de Rijksweg liep het vast onder de balken van het bruggetje. Met een lasbrander werd geprobeerd een uitstekend stuk los te branden maar dat wilde ook niet gemakkelijk en er werd besloten (het was vrijdagavond) om het de volgende week maar te doen. Een uur of wat later kwam er een automobilist in Akkrum melden, dat er bij die plek allemaal rook en vlammen onder de weg uit kwam. De brandweer erheen en de motorspuit op veilige afstand. Met het branden hadden vonken wat poetskatoen en losse troep vlam laten vatten. Nu met miststralen was het vrij snel uit, maar voor de zekerheid wilden we er maar een laag water in pompen. Toen vanaf de spuit geen reactie kwam, liep ik erheen en daar hing onze pompbediende/chauffeur over de kap van de auto. Wyb Fennema had een hartaanval. Zijn oomzegger Harm heeft hem direct naar het ziekenhuis gebracht en daar is hij wel weer opgeknapt, maar hij heeft nooit weer gewerkt.                                                                                                            (Tekst: Jan Calsbeek).


 

 

 

 


It nije stoart,    (Dwinger).             Akkrum súd, Haskerdiken.  

Fan 1962 oant 1984 ?? Pippel?

 De nieuwe stort,      (Dwinger).            Akkrum zuid, Haskerdijken.

Van 1962 tot 1984. ?? Pippel?

      It âlde stoart op Haskerdiken (krekt oer it spoar, lofts, foarby de âlde iisbaen, tsjinoer de spoarweioergong).

     De voormalige stort op Haskerdiken, (net over het spoor, links, voorbij de oude ijsbaan, tegenover de spoorwegovergang).