Palmsnein 2024.

It is wer hast safier, dat de bern mei harren eigen op-pimpte palmstok troch de Buorren rinne meije. Op snein 24 maart kinne sy dan wer achter de musyk oan nei Coopersburg. Dêr wurde sy troch de boargemaster tasprutsen. Oan ‘e ein fan de rit krije alle bern in pûdsje mei wat lekkers. (Opjaan hoecht net) De start is om kertier oer alven by Grand Café Goerres oan de Kanadeeske strjitte, der’t ek it eindpunt is. Alle jierren fersoarget de stifting Akkrum Ald en Nij in foto eksposysje (reünie) yn de sere. Dit kear in foto tentoanstelling oer de presentaasjes, dy’t hâlden binne yn de ‘Doarpskeamer’. Meardere ûnderwerpen op ferskate taffeltsjes. Noch gjin stiper fan Akkrum Ald en Nij? Hjir is gelegenheid om stiper fan de Stifting Akkrum Ald en Nij te wurden.

 

Op tongersdeimiddei 21 maart kinne de bern fan 14.15 ôf hoarntsjes bakke by bakker Boonstra yn ‘e Buorren, dêrnei op freedtemiddei fan 14.15 ôf, kin der in Palmstok fersierdwurde yn de ‘Lantearne’ yn ‘e Dringelstrjitte.

Woansdei 04-10-2023 Lêzing oer 'Akkrum-East' Doarpskeamer, 19.30 oere

Underwerp: “Tusken de Boarn en Boarnsterdyk”.

De 'slide'-presintaasje fan woansdei 4 oktober oer it ûntstean fan de âlde wyk Akkrum-Oost. Mei strjitten lykas Mienewei, Túntsjes, Heechfinne, Jokwei, Seame ensfh. Ek omtinken foar sport en spul mei it âlde fuotbalfjild, keats- en kuorbalfjild. Fansels ek de âlde boarterstún en besteande aktiviteit. Koartsein noch in nijsgjirrige jûn. Wês op tiid, want fol = fol.'

 

Woensdag 04-10-2023 Lezing over 'Akkrum-Oost' Doarpskeamer, 19.30 uur

Onderwerp : ''Tussen de Boarn en Boarnsterdyk''.

 


Neiteam fan Folkert Kuipers op besite yn Akkrum.

 

     Op sneon 28 jannewaris 2023 kamen der in pear neikommelingen fan Folkert Kuipers op besite op Coopersburg, te witten Cougar Payne út San Diego (VS, Californië) tegearre mei syn frou Dina en twa lytse bern, Wyatt fan sân jier en syn suske Shelby fan fjouwer. William Cooper, de âldste soan fan Folkert en Netty, wie Cougar syn oeroerpake.

Wat hie Cougar as jonge fan 14 al graach mei wold doe’t syn pake en beppe, Wilburta en George Holden yn 2001 nei Akkrum ta setten foar it 100-jierrich bestean fan Coopersburg! No wie it dan sa fier. De histoarje fan Frank Cooper yntrigearret him. Gjin wûnder dat soan Wyatt as twadde namme Cooper krige.

     Oer it algemien is it bysûndere ferhaal fan Frank Cooper en Coopersburg bekend ûnder syn Amerikaanske neiteam. Akkrum Ald en Nij docht alle war om de kontakten mei sa folle mooglik neikommelingen te ûnderhâlden. Sa út en troch smyt dit hiel nijsgjirrige kontakten op.

Aaltsje Siesling ferwolkomme de húshâlding yn de regintekeamer en late harren rûn. Cougar wie suver oandien, doe’t se alle fjouwer tekenje mochten yn it gasteboek dêr’t syn oeroeroerpake yn 1902 as earste syn namme, berop en wenplak yn sette: F.H. Cooper, Koopman, Chicago (U.S.A.). No stiet dus ek de namme fan Folkert syn oeroeroeroerpakesizzers yn dat prachtige tsjokke gasteboek.

Neidat se ek it mausoleum besjoen hiene, achter yn ‘e tún fan Coopersburg, setten de jongelju gau ôf nei Amsterdam, dêr’t se dy deis de stêd besjen soene.


Foar in elk dy 't dizze webside besiket:

 


Iepenbiere dia-jûn

 

De ûntdekkingen fan it Mausoleum

Akkrum - Nei twa jier fan twongen stilte hâldt de stifting Akkrum Ald en Nij op

woansdei 9 novimber 2022

wer in iepenbiere jûn. It is einliks wer safier dat it kin enmei. Wy ha der sin oan. De jûn begjint om

19.30 yn de grutte seal fan Leppehiem yn Akkrum.

Anne Dykstra iepenet de jûn mei in ferhaal oer skiednis en symbolyk fan it

mausoleum yn de tún fan Coopersburg, dêr’t de stoflike omskotten fan ‘e

stichter fan Coopersburg en syn frou lizze. Dykstra sil dêrby ek fertelle oer de

ûntdekkingen dy’t by de restauraasje fan it mausoleum yn 2021 dien binne.

By de restauraasje binne û.o. de dekplaten fan ‘e tombes lichte. Foar it earst yn

115 jier koene we yn de tombes sjen. Dykstra sil dêr unike bylden fan fertoane.

Yn it skoft is der gelegenheid om by in bakje kofje of tee mei koeke even by te

praten, of in koart filmke oer âld Akkrum te besjen.

Nei it skoft fertelt Anne Dykstra oer in fynst dy’t er yn in online Amerikaansk

argyf dien hat oer de grutte department store fan Siegel en Cooper yn New

York. It giet om in gids foar New York, útjûn troch Siegel en Cooper, dêr’t de

‘most magnificent Store’ yn oanpriizge wurdt as ien fan ‘e grutste attraksjes fan

de wrâldstêd. De gids jout net allinne in moai ynsjoch fan hoe’t it yn ‘e winkel

om en ta gong, mar ek in yngeand byld fan alles wat oft der yn harren kapitale

winkel te keap en foaral ek te sjen wie. En dat wie net in bytsje.

Stipers kinne fergees nei binnen. Net stipers kinne stiper wurde of kinne foar 4  euro nei binnen.

 

 


     Op moandei 19 septimber brochten de Amerikaanske Donna Hawk (fan Seal Beack, CA-USA) en har âlde skoalfreondinne Jill Newburg (fan Scottsdale, AZ-USA) in besite oan Akkrum. Donna heart ta de neiteam fan Folkert Kuipers, de stichter fan Coopersburg. Donna har pake is Folkert syn soan Charles. Folkert is dus har oerpake. Aaltsje Siesling en Anne Dykstra hawwe harren in rûnlieding troch Akkrum jûn, dêr’t û.o. yn stilstien waard by Folkert syn âldershûs en it plak dêr’t Folkert syn bertehûs ienris stie. Ut soarte (fansels) stie der ek in besite oan ‘e regintekeamer fan Coopersburg en it mausoleum yn ‘e tún fan Coopersburg op it programma. De besite oan Coopersburg en it mausoleum wie benammen foar Donna hiel bysûnder en bytiden ek emosjoneel. Tige optein oer de ‘beauty’ fan Akkrum, reizgen beide froulju wer nei harren hotel yn Amsterdam.

 

       Op de foto (links) in byld fan Jill en Donna (rjochts) yn 'e regintekeamer fan Coopersburg.

(19-9-2022)


MYSTERIE OPGELOST DOOR RESTAURATIE MAUSOLEUM COOPER.

In de tuin van Coopersburg te Akkrum staat het mausoleum waarin Frank Cooper, de stichter van Coopersburg, en zijn vrouw Antoinette de Graaf hun laatste rustplaats hebben gevonden. Frank Cooper, alias Folkert Kuipers uit Akkrum, had zijn fortuin gemaakt in Amerika. Frank en Antoinette zijn beide in Amerika overleden. In 1907 zijn hun gekiste lichamen vanuit Amerika naar Akkrum gebracht en in het mausoleum geplaatst. Na bijna 115 jaar was het mausoleum weer toe aan een flinke restauratie.                                                                           (8-12-2021)

 

Bij bovenstaande foto; Beeldhouwer Arnold Heida van steenhouwerij de Vries uit Buitenpost aan het werk. (Foto: © Monumentenstichting Boarnsterhim, Kees de Boer) 

Artikel geplaatst op 8-12-2021.

     Op alle vier hoeken van het mausoleum staat een mollig kinderfiguurtje. Zulke beeldjes dienden als versiering, maar ze hadden vaak ook een symbolische betekenis. De symbolische betekenis van het beeldje op de linkerhoek van het mausoleum was onduidelijk, totdat uit oude foto's bleek dat dit figuurtje oorspronkelijk een rechtopstaande toorts in de hand droeg. Op initiatief van de Monumentenstichting Boarnsterhim, de eigenaar van het mausoleum, is het beeldje weer in de oude staat teruggebracht. Steenhouwer De Vries uit Buitenpost heeft een nieuwe fakkel uit een bijpassende zandsteen gehakt, die door het beeldje weer fier rechtop wordt gehouden.

Een rechtopstaande fakkel is het symbool van een vrijzinnige levensopvatting en verwijst naar een hernieuwd leven. Het kinderfiguurtje aan de andere kant van de voorgevel heeft een omgekeerde fakkel in de hand, het symbool van het uitgedoofde leven. De beide beeldjes passen nu weer perfect bij elkaar.

De fraaie marmeren tombes in het mausoleum moesten ook gerestaureerd worden. Dat betekende dat de afdekplaten gelicht moesten worden, en de kisten voor het licht zouden komen. Dat was om meerdere redenen een spannende gebeurtenis. Hoe zouden de kisten er na 115 jaar uitzien? En bovenal, zouden we er nu eindelijk achter komen wat er waar was van het verhaal dat de kisten tijdens de officiële bijzetting te lang waren en door de plaatselijke timmerman waren ingekort? Wel, de houten kist van Antoinette paste ruim in de tombe, maar de kist van Frank had een zinken omhulsel en was daardoor inderdaad te lang voor de tombe. Dat probleem is destijds opgelost door een stuk uit de achterste buitenmuur te hakken, waardoor de kist alsnog paste, al was het millimeterwerk. We zijn blij dat we nu eindelijk weten hoe het zit, maar het is toch een beetje jammer dat het verhaal van de timmerman nu geen mysterie meer is.

De op de kist van Antoinette gevonden begeleidingsformulieren gaven aanleiding tot onderzoek naar waar ze precies begraven is geweest. Het antwoord daarop hebben we nog niet, maar uit het onderzoek is al wel gebleken dat ze niet op 31 december 1878 is overleden, zoals op de tombe staat vermeld, maar op 16 december 1879.

(Kees de Boer, Anne Dykstra en Aaltsje Siesling).


HELP  FREGE !  !  

De Stifting Akkrum Ald en Nij is drok dwaande mei it digitalisearjen fan it argyf, om it dêrnei fia de eigen webside online tagonklik te meitsjen.

Om dat klear te krijen, hawwe we driuwend ferlet fan helpers. Wa wol helpe mei dizze grutte put?

We sjogge by ús helpers graach wat kennis fan (âld) Akkrum en Nes, en fansels kennis fan digitalisearjen, of de reewilligens om dat te learen.

We binne fan doel om ferhalen te meitsjen en te publisearjen op basis fan, of nei oanlieding fan, âlde teksten út it argyf. Dêr kinne we ek help by brûke, mar jo moatte dêr wol Frysk foar skriuwe kinne.

Jo meie jo sels útsykje wêr’t jo oer skriuwe wolle.

Der binne ûnderwerpen genôch, jo kinne it oer strjitten hawwe, oer sporten of oer in skoalle, wat jo mar wolle.

Liket jo dit wat? Folje dan ûndersteand formulier yn. Graach even oanjaan oft jo digitalisearje wolle, ferhalen skriuwe wolle, of dat jo beide wol dwaan wolle.

 (Akkrum-Nes 29-8-2021)

 

HULP GEVRAAGD!!

De Stifting Akkrum Ald en Nij is druk bezig met het digitaliseren van het archief, om het vervolgens via de eigen website online toegankelijk te maken.

Om dat voor elkaar te krijgen, hebben we dringend behoefte aan helpers.

Wie wil helpen met deze grote klus?

We zien bij onze helpers graag enige kennis van (oud) Akkrum en Nes, en natuurlijk kennis van digitaliseren, of de bereidheid om dat te leren.

We zijn van plan om verhalen te maken en te publiceren op basis van, of naar aanleiding van, oude teksten uit het archief.

Daar kunnen we ook hulp bij gebruiken, maar je moet daarvoor wel Fries kunnen schrijven.

Je mag zelf kiezen waarover je wilt schrijven.

Er zijn onderwerpen genoeg, je kunt over straten schrijven, over sporten of over een school, wat je maar wilt.

Lijkt dit je wat? Vul dan onderstaand Formulier in. Graag even aangeven of je wilt digitaliseren, verhalen wilt schrijven, of dat je allebei wel zou willen doen.

(Akkrum-Nes 29-8-2021)



Nij Boek fan Akkrum Ald en Nij.

Nieuw boek van Akkrum Ald en nij.


Geschiedenis van boerderijen van Akkrum in beeld gebracht

 

Akkrum is een dorp met een groot agrarisch verleden, zowel wat boerenbedrijven als wat de verwerkende industrie betreft. Dit verleden is door schrijvers Geart de Jong en Freerk Wind uitvoerig in beeld gebracht met beschrijvingen van meer dan 70 boerderijen die tot het grondgebied van Akkrum behoren. Veel van deze boerderijen bestaan nog steeds, al dan niet actief in gebruik als boerenbedrijf. Daarnaast zijn veel boerderijen in de loop der jaren verdwenen, met name door de uitbreiding van het dorp.

De geschiedenis die door De Jong en Wind is beschreven, gaat in veel gevallen terug tot aan de middeleeuwen. Maar ook recente ontwikkelingen op de boerenbedrijven komen aan de orde. Daarmee hebben de auteurs een zo compleet mogelijk beeld proberen te schetsen, zoals ze dat eerder al hebben gedaan voor de boerderijen die behoren tot het tweelingdorp Nes.

Op 30 september is het eerste exemplaar van het boek aangeboden aan Jitske Bakker, dochter van voormalig dorpshistoricus Metten Bakker, de man die al jaren geleden de basis heeft gelegd voor dit boerderijenonderzoek.

 

Het boek wordt uitgegeven door de Stifting Akkrum Ald en Nij en is te verkrijgen bij boekhandel Friso in Akkrum.

 

 

Skiednis fan buorkerijen fan Akkrum yn byld brocht.

 

Akkrum is in doarp mei in grut agrarysk ferline, sawol wat boerebedriuwen as wat de ferwurkjende yndustry oanbelanget. Dit ferline is troch skriuwers Geart de Jong en Freerk Wind wiidweidich yn byld brocht mei beskriuwingen fan mear as 70 buorkerijen dy’t ta it grûngebiet fan Akkrum hearre. In soad fan dizze buorkerijen bestean noch hieltyd, al as net aktyf yn gebrûk as boerebedriuw. Dêrnjonken binne der in soad buorkerijen yn ‘e rin fan jierren ferdwûn, benammen troch de útwreiding fan it doarp.

De skiednis dy’t troch De Jong en Wind beskreaun is, giet yn in soad gefallen werom oant de midsiuwen. Mar ek resinte ûntjouwingen op de boerebedriuwen komme oan ‘e oarder. Dêrmei hawwe de auteurs in sa kompleet mooglik byld besocht te sketsen, sa’t se dat earder ek al dien hawwe foar de buorkerijen dy’t hearre ta it twalingdoarp Nes.

Op 30 septimber is it earste eksimplaar fan it boek oanbean oan Jitske Bakker, dochter fan eardere doarpshistoarikus Metten Bakker, de man dy’t al jierren lyn de basis lein hat foar dit buorkerije-ûndersyk.

 

It boek wurdt útjûn troch de Stifting Akkrum Ald en Nij en is foar € 15,- te keap bij boekhannel Friso yn Akkrum.

 

 


NIJS   NIEUWS.     NIJS.     


        Graach. Dan kinne jo it ûndersteande formulier ynfolje en op 'Verzenden' klikken.

        Graag. dan kunt u understaan formulier invullen en op "Verzenden" klikken.

11 maaje 2020:  Ynkoarten komt der (ek) in ûnderdiel op dizze side foar skoalbêrn. In side dêrt jongeren op in makkelike wize troch (âld ) Akkrum 'kuierje' kin. Om harren ek fan ús moaie Akkrum en Nes leare te litten. We begjinne mei âld en nij njonken elkoar. om sa it ferskil te sjen.  Sjoch ûnder "   ".


11 maaje 2020: We sitte al in skoftke djip yn de koroanakrises. Lokkich is it wer wat oant ôfnimmen. Hjoed ha ik twa ûnderdielen tafoegd oan dizze webside. Te witten it Achterom en Akkrumerdyk.


27 novimber 2019:  Yn Koarten komt it stik fan ús aktive stiper Jan Eijzenga ek op dizze website te stean. "It ferset yn en om Akkrum en Nes en omjouwing". Presentearrre tidens de iepenbiere jûn fan AA&N op 20-11-2019 yn Leppehiem.


Understeand de link fan de Powerpoint Presentaasje oer de Fryske achternammen troch Anne Dykstra.

Achternammen AAN
PowerPoint – 9,9 MB 800 downloads

Bovenstaand de link van de Powerpoint Presetatie over de Friese achternamen door Anne Dykstra.


20 novimber ha wy wer in tige slagge iepenbiere doarpsjûn hân yn Mienskipcentrum Leppehiem. Mei in ferskaat oan ûnderwerpen: Anne Dykstra mei Fryske en Akkrumer achternammen, Douwe van der Meulen en Pier van der Heide mei de âld Akkrumers en in mûsstille seal tidens de presentaasje oer de besetting fan Akkrum -Nes en omjouwing troch Jan Eijzenga.


15 novimber 2019: Alwer in nij ûnderwerp op de webside fan Akkrum Ald en Nij. Dit kear de side oer de oarloch fan 1940-1945  en submappen.


29-10-2019: It nijs van de moanne oktober is, dat der wer nije anekdoates op de side setten binne. Foar de rest is der mar ien strjitte Galamaleane online stetten. En krekt as oare moannen wurde oare siden oanfold mei nijs.


26-10-2019:      En sjoch . . . We binne al in jier dwaande.                          En kijk . . . We zijn alweer een jaar bezig.


30-8-2019: It nijs foar de moanne septimber is dat der wer nije anekdoates op de side setten binne. Foar de rest is der mar ien strjitte Mounedyk online stetten. En krekt as oare moannen wurde oare siden oanfold mei nijs.


30-7-2019: It nijs foar de moanne augustus is dat der wer nije anekdoates op de side setten binne. Foar de rest binne der mar leafst acht strjitten on line setten. En noch  "Akkrumers fan Betsjutting".


30-7-2019: Het nieuws voor de maand augustus is dat er weer nieuwe anekdotes op de site zijn gezet. Voor de rest zijn er maar liefst acht straten online  gezet. En nog "Akkrumers van betekenis".


      12-6-2019:  Wa wol meiwurkje om in side fan in Akkrumer ûnderdiel -yn oerlis- te meitsjen mei tekst en foto's ??   Misskien jo eigen strjitte ??  

Folje dan boppesteand formulier yn en klik op 'Verzenden'.


      12-6-2019: Wie wil meewerken om een onderwerp van de  website te maken -in overleg - te maken met teksten en foto's ??  Mischien uw eigen straat??


       2-6-2019:  It nijs foar de moanne juli is, dat der wer nije ''Anekdoates'' op de side stean. En de side fan 'Histoaryske gebouwen' is oanfolt mei F.C.E. en noch 3 sub-siden. Derneist ek noch De ''Akkrumer Merke'' en is ûnder ûnderwiis: ''Krobbehiem'' oanfold.

       2-6-2019:  Het nieuws voor de maand juli is, dat er weer nieuwe ''Anekdotes'' op de site staan. En de side van 'Histoarische gebouwen' is aangevult met F.C.E. en nog 3 sub-siden. Daarnaast ook nog. De ''Akkrumer Kermis'' en is onder onderwijs: ''Krobbehiem'' aangevuld.