De Meinesleat rint fan de Riemersmabrêge (yn 'e Ljouwerterdyk) ôf, rjochting Terhernster Puollen by Terherne. Eartiids kaam 'r út de Trigreppel wei, mar yn 1888 waard de ferbining mei de Boarn groeven en moast in brege yn de Ryksstrjitwei lein wurde. (Sjoch tinkstien, rjochts, dy 't yn 'e gevel fan it bregewachters-hûs sit). Wierskynlik hat it wetter fan de Trigreppel troch in natuerlike slinke syn wei fûn nei de Poel en is letter dy slinke ferbrede ta de wide feart dy 't it no is. Foarhinne makke de binnenskipfeart gebrûk fan de Meinesleat, mar dat is ferline wurden en no hat de wetterrekreaasje him master makke fan it kanaal. Oan de iene kant is in grut caravan- en tintekamp ynrjochte en oan de oare kant is in jachthaven foar hûnterten boaten oanlein. De namme Meinesleat hat noch al ris oanlieding jûn ta misferstannen. Elk sjocht der in persoansnamme yn; Sipma is yn Fryske nammekunde 2 s.83 fan betinken, dat hjir sprake is fan in ferfoarming út Maen(e)sleat nei it appelatyf ,,mani'' (latyn: manare= floeie, streame). Dit liket wat fier socht. Van der Molen (Fryske plaknammen 4 (1951) wiist op de namme yn it Benefisiaalboek: "Op de Meensloetswal'' en tinkt oan mienskiplik gebrûk. It komt tichter by de wierheid, want by nijer ûndersyk hat bliken dien, dat oan beide kanten fan de Meinesleat eartiids mienskarren fan it doarp lein hawwe. (Ut © Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker, 1982).

 

        De Meinesleat loopt vanaf de Riemersmabrug (in de Louwerterdyk), richting Terhernster Poelen bij Terherne. Vroeger kwam deze uit de Trigreppel vandaan, maar in 1888 werd de verbinding met de Boarn gegraven en moest er een brug in de Ryksstrjitwei worden gelegd. (Zie gedenksteen, rechts, die in de gevel van het breugwachtershuis sit) Waarschijnlijk heeft het water van de Trigreppel door de natuurlijke slinke zijn weg gevonden en is later die slink verbreedt tot de brede vaart die het nu is. Voorheen maakte de binnescheepvaart gebruik van de Meinesleat, maar dat is verleden tijd, en thans heeft de waterrecreatie hem meester gemaakt van het kanaal. Aan de ene kant is een groot caravan- en tentenkamp ingericht en aan de andere kant is een jachthaven voor honderden boten aangelegd. De naam Meinesloot heeft nog al eens voor misverstanden gezorgd. Ieder ziet er een persoonsnaam in; Sipma is in Fryske namkunde 2 s.83 van gedachten, dat hier sprake is van een vervorming uit Maen(e)sleat naar het appelatief "mani" (latijn: manare = vloeien, stromen). Dit is wat ver gezocht. Van der Molen (Fryske Plaknammen 4 (1951) wijst op de naam in het Benefisiaalboek: "Op de Meensloetswal" en denkt aan gemeenschappelijk gebruik. Het komt dichterbij de waarheid, want bij nader onderzoek heeft blijken gedaan, dat aan beide kanten van de Meinesleat vroeger mienskarren van het dorp hebben gelegen. (Ut © Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker, 1982).

 

Boppe; In moai stikje âlde Meinesleat.                           Boven; Een mooi stukje oude Meinesloot.

Boppe en ûnder; It wettersportbedriuw fan Jachtwerf Oost oan de Meinesleat.

Boven en onder; Het watersportberdrijf van Jachtwerf Oost aan de Meinesleat.

Boppe; Nochris It wettersportbedriuw fan Jachtwerf Oost oan de Meinesleat.

Boven: Nog eens It watersportbedrijf van Jachtwerf Oost aan de Meinesleat.


Foto boppe/boven: Een mooie zomerse dag nabij de Meinesleat 1966.



Wa kin ús fertelle wa der yn boppesteande sylboat sitte? Dêrfoar kinne jo boppesteand formulier ynfolje

Wie kan ons vertellen wie in de zeilboot zitten? Daarvoor kunt U bobenstaand formulier invullen.

Boppe; Twa foto's fan it hurdsilen tidens de Akkrumer merke op de Meinesleat út augustus 1967.            Mei tank oan © Janny Hof-Wieringa.

Boven; Twee foto's van het hardzeilen tijden de Akkrumer kermis op de Meinesleat uit aug. 1967.


     Links ûnder tekst is skreon troch âld Akkrumer © Jo Bosma. (Amsterdam)                            

    Rjochtsûnder foto: It âlde Swimbad mei yn 'e midden badmeester Baddy Kuipers.  

                                                                          



Foto's boppe/boven: Rijksopslag (links boven) nabij de Riemersma's brug. (Foto's 1975 en 1976)


Foto boppe/boven: Een stukje Meinesleat met camping en haven. (Omstreeks 1980 ).

   Under en Boppe:  foto @ 2008. 

 Boppe-boven: Foto @ 2008. 

     Understeand twa foto's fan de Meinesleat binne makke op 2-9-2020. (Foto's : @ my Drone).

     Onderstaand twee foto's van de Meinesleat zijn gemaakt op 2-9-2020. (Foto's: @ my Drone).