Buorskip, "Pean".

Pean leit yn de noardelike hoeke fan Utingeradiel tsjin de Wide Ie oan, dy't op dit plak Peanster Ie neamd wurdt. Foarhinne foel it ûnder Idaarderadiel, mar nei de Frânske tiid kaam it by Utingeradiel, wylst Idaarderadiel in hoeke by de Jirnsumer Syl en it Rak fan Ungemak krige. Schotanus/Halma neame de namme op harren kaart net, mar tekenje der trije pleatsen, dy't by Eekhoff yn 1849 ta twa belytse binne. Letter binne der in pear by komd, wylst oan de oare kant fan de Graft noch in pear pleatsen stean, dy't ek by Pean rekkene wurde kinne. Sipma ferklearret de namme as ûntstien út "eme" foar wetter oan de hân fan âlde oarkonden fan 1449 en 1450. Yn lêst neamde oarkonde komt "Eppaen" foar, dat betsjutte kin: "op de eme (=IE, letter ferfoarme ta "Pean". (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).

 

Buurtschap "Pean".

Pean ligt in de noordelijke hoek van Utingeradeel, aan de Wide ie, die op die plek Peanster Ie wordt genoemd. Voorheel viel dit onder Idaarderadeel, maar na de Franse tijd onder utingeradeel, terwijl  Idaarderadeel in stuk bij de Jirnsumer Syl en it Rak fan Ungemak kreeg. Schatanus/Halma noemen de naam op hun kaarten niet, mar tekenen de drie boerderijen, die bij Eekhoff in 1849 tot twee vgerminder d zijn. Later zijn er weer een paar bijgekomen, terwijl aan de andere kant van de Graft nog een paar boerderijen staan, die ook onder Pean kunnen worden gerekend. Sipma verklaard dat de naam is ontstaan uit "eme'' voor water aan de hand oude oorkonden met ''Epaen'' voor, dat kan betekenen; "op de eme (=IE, later verdraaid tot "Pean". (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).


Sylskoalle Pean.                                                      Zeilschool Pean.

Sylskoalle Pean 2018.                                                     Zeilschool Pean 2018.