De Ald Mear rûn foarhinne fan it Neardeel ôf nei it saneamde Moddergat by de Sânsleat ûnder Terherne, eastelik fan de Koaipolder by de Meskenwierster Stringen lâns. By rûch waar mijden de Terhernster skippers somtiden de oerstjoere Poel en gongen dan binnentroch út it Neardel troch de Mear. Dat is lang ferline tiid, want de Ald Mear is op inkele plakken ôfdammme en kin net mear befearn wurde. It earste ein is noch iepen as paaiplak foar de fisken. By de fiskers en milieulju heech oanskreaun. Santema neamt yn Fr. Nammen 1 side 103 ek de Ald Mear, dy't skriuwt, ûnder 'Rivieren, Wetters, Geulen ek de namme ''Mear" foar (Fr. Plaknammen 1) en ek Sipma hellet inkele nammen mei"Mear" as wetternamme oan. (Fr. Nammekunde 2 side 69). (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker.1982).

      De Ald Mear liep voorheen van het Neardeel naar het zogenaamde Moddergat bij de Sânsleat onder Terherne, oostelijk van de Koaipolder bij de Meskenwierster Stringen langs. Bij slecht weer mijden de Terhernster schippers soms de wilde Poel en gingen dan binnendoor uit het Neardel door de Mear. Dat is lang verleden tijd, want de Ald Mear is op enkele plekken afgedamt en kan net meer worden bevaren. het eerste eind is nog open als paaiplek voor de vissen. Bij de vissers en milieuorganisaties hoog aangeschreven. Santema noemt in Fr. Nammen 1 blz. 103 ook de Ald Mear, die, schrijft hij, onder 'Rivieren, Waters, Geulen ook de naam ''Mear" voor (Fr. Plaknammen 1) en ook Sipma haal enkele namen met "Mear" als waternaam aan. (Fr. Nammekunde 2 blz. 69). (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker.1982).