Nijsbrief fan Akkrum Ald & Nij.    2020-"21  nûmer 7.

 


Korona-edysje . . .

Earst mar even in moai  printsje om jo yn de sfear te bringen fan âld Akkrum. (Buorren). Doe hiene se gjin lêst fan korona, ek al It liket hast dat se doe ek al oardel meter út elkoar stienen.

Ja bêste Stipers, wy kinne dit best wol in korona-edysje neame, want dat hearsket behoarlik oer ús. Mei syn lockdown en in jûnsklok. It jier 2020 wie wol in hiel bysunder jier troch it Covid-19 virus en letter ek mei syn fariante broerkes en/of suskes. Tuurlik hat it ek wer syn oare kant, dat we de bêrn en/of bêrnsbêrn helpe meije om les te jaan. En ja de koronakilo's komme der  ek by, wat we leaver NET sjogge. Alles hat syn foar-en neidielen. 

Wy kinne en meije neat, mar eins dogge we fanalles. Ikke wol altearst. Ik bin myn hiele Akkrum argyf oan it skennen en oan it ynpakken. Dat binne der sa stadichoan in moai tal ferhúsdoazen, want ik bin al in lytse fiiftich jier oan it sammeljen mei alles wat te krijen hat mei Akkrum, Nes en omkriten. Dat giet allegearre nei Akkrum Ald en Nij. Sa dogge jo toch noch wat nuttigs in dizze drege tiden. Net at der oars neat bart is hjer mar ik woe dit wol even kwyt.

Mar dit is net it ienigste dat der bart is binnen AA&N. Ek al is 't net in soad. 'Boerderijen van Akkrum' is ek foar in grut part yn koronatiid makke en de ferkeap giet hiel goed. Ek it boekje 'Oarloch en Ferset yn Akkrum en omkriten' is makke yn dyselde Covid-19 tiid. It foardiel is dat jo dan alle tiid der yn stekke kin. Alle stipers ha sa'n boekje krigen as 't goed is. Mocht dat net sa weze, jou dan even in berjochtsje fia mail. (stiftingakkrumaldennij@gmail.com)

Neidat de iepenbiere jûn yn 2020 net trochgean koe fanwege Korona hoopje  we dat we dit jier yn novimber toch ús iepenbiere jûn wer hâlde kinne en jo ferwolkomje meije.

Nije Stipers.

It stiperstal groeit, al is it net hiel bot, langsum, want der falt ek wol ris ien    by wei. Minsken dy't de webside fan Stifting Akkrum ald en nij  foar 't earst besykje, wurde oanskriuwn at sy ek stiper wurde wolle, en sa no en dan slagget dat. We sitte no rûn de 230 stipers. Ek komt de sa no en dan âld matriaal binnen. Dat bringt wer dat we te kampen ha mei gebrek oan romte. Ek de romte by Welgelegen is aardich fol. We sjogge wol om ús hinne, mar in geskikte romte komt der net sa hurt. As ien fan jim in goede oplossing wyt soe dat moai wêze.