Nijsbrief fan Akkrum Ald & Nij.                        nûmer 5.


It "sipeltsje' (uitje) fan aktive stipers fan 2019  fan AA&N is op 14 novimber nei Grou west. Der waard troch Hepke Hiemstra fan âld Grou in rûnlieding jûn troch it âlde Grou. Wy binne beguon by it âlde riedshûs oan de Stationswei en sa binne we rjochting sintrun yn it âlde Grou belâne. Nei sa'n oardel oere is de ploech nog efkes traktearre op kofje yn ien fan de horekagelegenheden. Dernei is elk syn eigen wei wer op gien. Al mei al in tige slagge middei mei in soad nijsgjirrigheden. As it oan Hiemstra lein hie, de hiele middei wol fertelle kind hie? (Foto; by't Oerhaelspaed mei in part fan de Sint Pitertsjerke op 'e achtergrûn).


Wy ha twa belangstellende minsken út Assen yn de regintekeamer hân. Ien fan harren hat it op ien nei grutste warenhûs yn Nederlân. Hy hat in soad belangstelleing foar grutte department store's. Sa ek fan de Big Store yn New York. By tafal hearde hy dat de eigener in Akkrumer wie. Hy hat kontakt socht en in kear yn de regintekeamer west dus. Wy ha in hiel moai boek krigen oer grutte wrâld winkels. It wie in geweldich ynteresante moarn. Wy komme hjir letter noch in kear op werom.


De 'Corona-krisis' hat foar ús 'Stifting Akkrum Ald en Nij' ek gefolgen. Sa soene der twa minsken út it neiteam fan Folkert Kuipers út Amearika nei Akkrum komme, mar dat is ôfblaast. En ek it befrijingsfeest op en rûn 5 maaje, (der't A.A.&N. ek oan dielnaam) is ôfblaast. De Palmsnein optocht en eksposysje by Goerres, koe ek net trochgong fine. Sa hat dit virus elkenien yn de hiele wrâld yn 'e besnijing. Lokkich koene wy wol troch gean mei it boek ''Akkrum yn Oarloch en ferset''. Dit boek is gearstalt troch meiwurking fan Jan Eijzenga, Anne Dykstra en Pier van der Heide foar AA&N en sil op 15 april troch hiel Akkrum en Nes (Hûs oan hûs) ferspraat wurde. In moai gebaer fan de Stifting Akkrum Ald en Nij yn gearwurking mei it Klaverblêdfûns. 

 

Akkrum-Nes 75 jier frij.mei tekst en logo.