Hjir njonken kinne jo Nijsbrief 2,

(ûnder) delhelje/downloade.

NIJSBRIEF nûmer 2, april 2019
Afbeelding – 979,5 KB 664 downloads

april 2018.                    Nijsbrief Stifting Akkrum Ald & Nij.                   Nûmer  2.

Foar jimme leit de twadde nijsbrief van Akkrum Ald & Nij. Wy hoopje dat jimme der wer fan genietsje kinne. Der wie ôfrûne perioade net in soad nijs, mar dat der wie, wolle we jimme net ûnthâlde.

Yn in tiid fan snelle sosjale media, sko ik doch noch efkes in âlderwetsk aansichtkaartsje by jo troch de brievebus.

 

Boppesteande tekst stiet yn de ynformaasjegids fan de Gemeente It Hearrefean, 2019. Dat jo it efkes witte!

Ik soe sizze, meitsje gau in ôfspraak mei ien fan it bestjoer fan Akkrum Ald & Nij of op  stiftingakkrumaldennij@gmail.com       Dan sjogge we elkoar wol!

 Wisten jo :  

  • . . . dat de regintelist (boppe) yn de regintekeamer in opknapbeurt krige hat?
  •  . . . dat Hans en Betteke Kamp- Hettinga  dizze ea ek al ris opknapt hawwe? (ûnder).
  •  Wisten jo . . . dat de 'Boerebrêge' (boppe) restoarearre wurde sil?
  •  . . . en  dat der moaie geve griene esterikken ûnderwei kamen?
  •  . . . dat Knol de wurksumheden útfiere sil?
  • Wy hâlde jo op 'e hichte.

Der wie de ôfrûne perioade in soad nijs yn it rûntsje fan AA&N.

          Wisten jo begelyks;

  • . . . dat dit de 3e nijsbrief is?
  • . . . dat Palmsnein ek alwer foar de doar stiet? 14 - 4 - 2019.
  • . . . dat der ek wer yn útstalling by Goerres is?
  • . . . dat wy dwaande binne mei in webside foar AA&N?
  • . . . dat wy ek in webside krije fan Coopersburg en Welgelegen?
  • . . . dat Theo in buordsje mei tekst by de sinneweizer setten hat?
  • . . . dat wy ek dielnimme oan de eksposysje fan de bybleteek op  it Hearrefean?
  • . . . dat dit in eksposysje oer bûterfabriken út 'e hiele gemeente Hearrefean is?
  • . . . dat der alwer wat moais op 'e rit stiet foar de kommende iepenbiere jûn yn novimber?
  • . . . dat Pier H. al in soad guod fan syn Akkrum samling nei it archyf fan AA&N brocht hat?
  •  . . . dat hy ek twa fitrinekasten yn de regintenkeamer folle hat mei moaie âlde Akkrumer sûfeniers? (Kom gau ris sjen).
  • . . . dat Anne Kooistra ús  6e man is?
  • . . . dat wy gegevens út 1827  oant 1841 krigen ha fan in âlde skipshelling fan Boxum út Akkrum?
  • . . . dat dy oan it Leechein siet?
  • . . . dat timmerman Hessel Hoekstra der  letter wenne en wurke.