Nijsbrief fan Akkrum Ald & Nij. Hjerst 2022.

 

  Boppe: In moaie âlde stereofoto fan de Buorren mei in hynder en wein.

    

     Bêste stipers. Wat ús stipers oanbelanget is it stadichwei dalende, en dat is gjin goeie saak. Wy ha driuwend ferlet fan nije stipers. Mar hoe pakke jo soks oan? De jongerein fynt ús wurk trochstrings wol moai, mar fierder ek net. Dat is hiel spitich. It bestjoer ferâldert en is ek oan ferjonging ta. We ha al minsken benadere, mar hast elkenien hat syn frije tiid al mear as fol. "Kom mar op mei ideën". Wy ha ek ferlet fan in gruttere opslach- romte, sadat we alles yn ien romte kwyt en by elkoar hawwe. Us romtes (de bedstee ûnder de regintekeamer, en in romte by stifting Welgelegen) binne mear as fol en dêrnjonken is noch in soad guod om op te slaan, dat no noch by minsken thús is. It hiele archyf fan Pier van der Heide, fan hast 50 jier garjen hat hy noch thús mar freegje net hoe. Koartom wy ha driuwend ferlet fan in nije/gruttere romte om al ús guod kwyt te kinnen en ek weromfine kinne. As jo it argyf op ferskate plakken ha, is net handich. Wy wolle dan ek graach in iepenstelling op ien of mear fêste deidielen yn 'e moane, sadat stipers mar ek oaren tagong ha ta ús argyf. Palmsnein leit ek al wer in skoftke achter ús. Wy ha, sa as went, wer in foto eksposysje hân. De tekeningen fan âld Akkrumer Rinse Terpstra leine yn 'e sérre fan Hotel Goerres. Mar der is ek tryst neis. Us rjochterhân, Anne Kooistra, is ús op 81 jierige leeftyd ûntfallen. Anne fersoarge altyd de kofje mei wat derby foar de gearkomsten. Mar dat net allinnech: Hy koe ek moaie smoute ferhalen fertelle en joech belangstellenden in rûnlieding by it Mausoleum en yn syn wenning. ."Ik ha gjin geheimen" sei der dan. Anne Kooistra wie in waarm persoan mei it hert op it goede plak.

Ja Minsken, it is alwer in skoftke lyn mar ien fan ús stipers (Gooitzen Bosma) hat ús mar leafst 2500 euro schonken. As der mear binne dy't ús deryn stypje wolle . . . NL49 RABO 0348 3291 80

En wy ha besite hân fan in neiteam fan de famylje Twijnstra foar in rûnlieding, mar ek ien fan it neiteam fan Folkert Kuipers is yn Akkrum west en ha in 'rûntsje' krigen fan Anne Dykstra en Aaltsje Siesling.

De renofaasje fan Coopersburg leit ek al wer en skoftke achter ús. De mannen fan van Wijnen binne klear. Sy ha Coopersburg enerzjy súnich makke en ek it Mausoleum is hielendal renofearre en opknapt troch de Monumentenstichting Boarnsterhim. Sa as jim ek yn 'e krante lêzen hawwe kind, waarden der ek noch "âlde geheimen" ûntbleate.