SJOCH EK BY NES.

De "Bokkumerwâl op Nes rint by it wetter lâns en hat syn namme ûntliend oan it paad, dat eartiids nei Bokkum gong. Tusken de Boarn en de Sylroede lei yndertiid de Neskersyl, dy't oan de Boarnskant in smel brechje hie, in soarte kipeloop, dat tsjinne om yn it lân te kommen, der't it fuortpaad nei Bokkum rûn. Yn 1915 is it brechje ôfbrutsen en waard de tagong ta de Sylroede op dat plak ferbrede. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan `Merten Bakker. 1982).

De "Bokkumerwâl op Nes loopt bij het water langs en heeft zijn naam ontleend aan ht pad, dat eertijds bij Bokkum uitkwam. Tussen de Boarn en de Sylroede lag indertijd de Neskersyl, die aan de Boarnskant een smal bruggetje had, een soort van kipeloop, dat diende om zo in het land te komen, waar it voetpad naar Bokkum liep. In 1915 is het bruggetje afgebroken en werd de toegang tot de Sylroede op die plak verbreede. (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes fan `Merten Bakker. 1982).

Boppe; De Bokkumerwâl yn syn gehiel, mei it âlde bregewachtershokje yn 'e midden. (Foto is makke yn1958 tidens de 50 jierrige Harmonie.  

Boven;de Bokkumerwâl in zijn geheel, met het oude bruwachtershokje in het midden. Foto gemaakt in 1958, tijdens de 50 jarige Harmonie.

 

Ûnder; De famylje Atte en Riemkje Reinstra mei harren twa bern foar harren bregewachtershûs. Rjochts is noch krekt in stikje brêge te sjen.    

Onder; De familie Atte en Riemkje Reinstra met hun twee kinderen voor de brugwachterswoning. rechtsis nog net een stukje brug te zien.

 

Boppe; De Famylje (Jappie, Sipke, Janke en Kee) Bouma foar harren winkel-bakkery. Yn 'e midden in adfertinsje út 1875, fan de ferkeap fan (datselde pân) in 'Bakkerij, Herberg, Winkel te Nes' fan de erven fan R.O. Dantuma. Rjochts soan Sipke Bouma op de bakfyts foar de bakkerswinkel oan de Bokkumerwâll.

 

Boven; de familie (Jappie, Sipke, Janke en Kee) Bouma voor hun winkel-bakkerij. In het midden in advertentie uit 1875, van de verkoop van (datselfde pand) een 'Bakkerij, Herberg, Winkel te Nes' van de erven van R.O. Dantuma. Rechts zoonn Sipke Bouma op de bakfiets voor de bakkerswinkel aan de Bokkumerwâll.