Akkrum- en Nesker molens.

Understeand in oersjoch fan de Akkrumer molens.  

Foar mear molens sjoch Subsiden.

Akkrum- en Nesser molens.

Onderstaand een overzicht van de Akkrumer molens.  

Voor meer molens zie Submappen.

        Yn Akkrum, Nes en wide omjouwing hawwe troch de jierren hinne in hiel soad molens stien. En se binne ek allegearre ferdwûn. Op ien nei, de Mellemole. Allinnich dy is bestean bleaun. Hy is wol ferpleatst nei it It Deel oan it Nije Skouster
dykje, by it fytspontsje. Dêr komt er moaier út as tusken de yndustriële bebouwing oan de Polsleat. Mar leafst rom sechstich molens hawwe ea de skyline fersierd. Safolle sille jo freegje? . . . Jawis, ik haw it útsocht. Ik sil it útlizze en fertelle wêr’t se
allegearre stien hawwe. En dan sil ik faaks ek noch wol in pear misse. De moaiste is wol de 'Eendracht' dy’t oan de Leppedyk stien hat. Ek wol Rauwerda's mole of Schuurmans mole neamd. In mole dy’t dêr neat foar ûnder die, wie de Stoom-, Oalje- en Wynmole fan Hoytema, dy't Ulbe Twijnstra yn 1887 oankocht. In tekening is alles wat der fan bewarre bleaun is (hjirûnder). Sjoch fierder op de side oer Ulbe Twijnstra syn mole.

        In Akkrum, Nes en wijde omgeving hebben door de jaren heen heel veel molens gestaan. En ze zijn ook allemaal verdwenen. Op een na, alleen de Mellemolen is blijven bestaan. Hij is wel verplaatst naar het Deel aan het Nije Skouster weggetje, bij de fietspont. Daar komt hij mooier uit dan tussen de industriële bebouwing aan de Polsleat. Maar liefst ruim zestig molens hebben ooit de skyline versierd. Zoveel zult u vragen? . . . Jazeker, ik heb het uitgezocht. Ik zal het uitleggen en vertellen waar ze allemaal hebben gestaan. En dan zal ik misschien ook nog wel een paar missen. De mooiste is wel de 'Eendracht' die aan de Leppedyk heeft gestaan. Ook wel Rauwerda's molen of Schuurman’s molen genoemd. Een molen die er niets voor onder doet, is de Stoom-, Olie- en Windmolen van Hoytema, die Ulbe Twijnstra in 1887 aankocht. Een tekening is alles wat ervan bewaard is gebleven (hieronder). Kijk verder onder Ulbe Twijnstra's molen.


Tjasker TudeSchouw


        De mole op ûndersteande foto stie op it Idserdakampke tusken de Boarn en de
Ljouwerterdyk. Hjir is Coopersburg boud. Jo sjogge dat de flaggen oan de wjukken sitte. Dat betsjut dat der feest is, want de wjukken stean yn de freugdestân. By Coopersburg waard de earste hanneling dien. Sjoch rjochts op ‘e foto. Links stiet de pleats fan de famylje Greydanus. De pleats rjochts njonken de mole is de V.D.V. pleats (Van Der Vegt).

        De molen op onderstaande foto stond op het Idserdakampke tussen de Boarn en de
Ljouwerterdyk. Hier is Coopersburg gebouwd. U ziet dat de vlaggen aan de wieken zitten. Dat betekent dat er feest is, want de wieken staan in de vreugdestand. Bij Coopersburg werd de eerste handeling gedaan. Zie rechts op de foto. Links staat de boerderij van de familie Greydanus. De boerderij rechts naast de molen is de V.D.V. boerderij (Van Der Vegt).


De subsiden sille yn de kommende tiid, per moanne in subside, online setten wurde.

De submappen zullen in de komende tijd, per maand een submap, online worden gezet.