De "Wetterstege" is ien fan de koartste steegjes dy't fan de Buorren nei de Boarn tarûnen. Hy skaat allinnech de hiemen fan twa huzen, dy't tusken de Buorren en de Boarn stean: langer is er net, mar yn 't ferline hie der dochs in wichtige funksje by it laden en lossen fan de stomboat dy't hjir syn lisplak hie. Hoewol de stege no fan gjin betsjutting mear is, hat de Kommisje him de namme hâlde litten, dy't wol ferbân hâlde sil mei de Boarn, der't er op útkomt; Oaren wolle der op  út, dat dizze stegefoar de lju dy'tj ûns út de herberge der foaroer kamen, in gaadlik plak wie om harren heech wetter kwyt te reitsje. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker).

Boppe: De âlde Wetterstege (tusken de Chinees en Snackzaak Smik en Smak).

Boven: De oude Wetterstege (Tussen de Chinees en snackcorner Smik en Smak).