De Tûnslachterij, dy't fan de Buorren nei de Boarn run, hie foarhinne gjin namme, mar om 't hjir op de Boarnswâl yndertiid in tûnslachterij west hat, der't it fleis yn tûnen ynsâlte waard foar eksport en de seefeart, krige de stege yn 1955 de namme; "De Tûnslachterij". Sûnt binne alle huzen tusken de Fermanje en it Bregegat ôfbrutsen om plak te meitsjen foar Rabobank en de iepenbiere lêsseal. De nije namme foar it tige âlde steegje hat it dus noch gjin tweintich jier úthâlden.