Bouwe Elingstege                                      ek wol de Keakelstege neamd

 

     Om 1800 hinne wennet hjir in Timmerman mei de namme Bouwe Eling, dy't yn 1811 de achternamme fan Lingsma oannimt. De Akkrumers ferhaspelden de namme ta Boujillingsteech, mar brûkten meast de namme "Keakelsteech", fanwege de rabberijen en rûzjes, dy't der wol gauris oan de oarder wienen. Dat wie gjin wûnder, want de behuzing wie min en tige hoarich. It wiene meast ienkeamerwenningen mei in panstrutsen dak en boppedat wennen der frij grutte hûshâldingen yn. Dat sadwaande. Doe't yn 't lêst fan de 40er jierren de minister op útnoaging fan de ried ús doarp besocht, hat benammen de earmoedige Keakelsteech de trochslach jûn foar it beslút, Akkrum subsydzje te jaan foar de doarpssanearring. Nei de tiid is men út ein set mei it opromjen fan de krotten en ferdwûnen dermei ek de stegen. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).



   Boppesteande tekst is opmakke troch âld bewenner fan dizze stege Wiebe Lageveen.

   Bovenstaande tekst is opgemaakt door oud bewoner van deze steeg Wiebe Lageveen.