"Filiaalstege/Smidsstege"

 

 

SMIDS STEGE-- Njonken de herberge "Het wapen van Zevenwouden", No Sparwinkel (skriuwd Bakker, mar de Sparwinkel hat ynmiddels wer plak makke foar de Poeiszwinkel), rint in smel steegje dat offisjeel gjin namme hie. Yn it hoekhûs oan de Doarpsstrjitte wenne om 1800 hinne in smid, dy't u.o. foar it hûs in needstâl hie, lykasop in tekening út om-ende-by 1790 te sjen is. yn 1861 keapet Geart Ruiter, de man fan de lettere reedfabryk, it hûs, dat yn 1905 oan de bûterfabryk ferkocht waard, dy't der in filiaal yn festige foar de ferkeap fan suvelprodukten. Dêrom de namme by de doarpslju al gau fan Filiaalstege. Ek nei dat 't opdûkt wie bleau dy namme bestean, oant de Kommisje yn 1955 oan de stege de namme "Smidsstege" joech. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).

 

Links boppe; Sjoerdsje (2) en Jan (4) Lamsma, Smidsstege 5. De steech rûn tusken bakker Duisenberg en café Pasma??. Dizze lêste hie ek hynst (Age) en dy hie betiden in soad kabaal achter it sket by ús foar de glêzen. Der wennen in stik as 5 hûshâldings op in rygje. Ik kin my allinne de famylje de Koning heuge. Myn âlders binne der kaam te wenjen nei harren houlik yn 1952. Yn 1957 binne wy ferhûze nei de U.T.wei. Doe binne pake en beppe Jan Lamsma en Iekje Lamsma-Visser der kaam te wenjen.

Midden boppe; Smids stege 4 en 5. Op nr. 5 wennen sy en nr. 4 wie it hok. Dat ha sy der letter by kocht. Dizze foto is jierren letter makke, doe wie café Pasma fuort en seagen se út op it parkearterrein fan’e Spar. Ik tink earne yn’e 70er jierren.

Rjochts boppe; Myn beppe (Iekje Lamsma-Visser) stiet op de 3e foto. In âlde wrotter. Sy hat oan’t se verhûze is, nei in âldereinwente yn Drachten, de kristlike legere skoalle yn Akkrum skjin makke. De ds. Hasperskoalle. Op 'e foto docht se de wask, nea in waskmasjine hân, alles op’e hân waskje. (Foto's Sjoerdsje de Vries-Lamsma.)

Tastimming!

Boppe en rjochts boppe; De filiaal stege besjoen troch de eagen fan Rudie de Vries (ûngefear 1977).