"De Túntsjes", earder ek wol "Tranendal" neamt.

     Doe't yn 1916 de earste húzen fan gemeentewegen op it lân fan 'it Hiemstee' yn Akkrum-east set waarden, wie de grûn al in pear jier brûkt foar saneamde folkstúntsjes. By de bou fan de tolve hûzen wurke it waar tsjin, mei as gefolch, dat Túntsje en húzen yn it wetter kamen te stean. Ek de hier fan de nije huzen fûn men nochal heech en sa betocht de vox populi al gau de namme "Tranendal".  De Ried sinnige dat net en ornearre, dat dit mar ''Tuindorp'' wurde moast. Dat wie yn 1925 , mar yn 1955 wie de Kommisje fan betinken dat dy namme hjir net paste en makke der "De Tûnstsjes" fan, mei it each op de eardere folkstûntsjes. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).

 

"De Túntsjes", eerder ook wel "Tranendal" genoemt.

     Toen in 1916 de eerste huizen van gemeente-wegen op het land van het 'Hiemstee' in Akkrum-oost gebouwd werden, was de grond al een paar jaar gebruikt voor zogenaamde volkstuintjes. Bij de bouw van de twaalf huizen zat het weer tegen, met als gevolg, dat tuin en huizen in het water komen te staan. Ook de huur fan de nieuwe huizen vond men nogal hoog en zo bedacht de vox populi al snel de naam "Tranendal". Dat was de raad niet naar de zin, en vond, dat dit maar ''Tuindorp'' moest worden. Dat was in 1925, maar in 1955 was de Kommissie van gedachten dat die naam hier niet paste en maakte der "De Tûnstsjes" van, met het oog op de eerdere volkstuintjes. (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes van Merten Bakker. 1982).


 Boppesteande foto jout oan wêr de strjitnamme wei komt. Op de achtergrûn de F.C.E. (Foto: 1914)

 Bovenstaande foto geeft an waar de straatnaam vandaan komt. Op de achtergrond de F.C.E. 



Boppe-boven: oktober 1979.                                                                Boppe-boven: juli 2006



     Ha jo noch fragen, op- of oanmerkingen, folje dan neiststeand formulier yn en klik op 'Verzenden'.
     Heeft u nog vragen, op- of aanmerkingen, vul dan naaststaand formulier in en klik op 'Verzenden'.