"It Spikerboor". (wetter)

It Spikerboor rûn yndertiid fan de Boarnster Wjittering nei de Djipsleat besúden De Stringen en benoarden de Marren 2 lâns. Doe't yn 1829 de Ryksstrjitwei nei it Feen oanlein waard, waard it Spikerboor dêr ôfdamme. De Wjittering hâlde syn ôfwettering ûnder it saneamde Jouster Tilsje troch nei it deel ta by de NijeSkou, mar it Spikerboor die gjin tsjinst mear en rekke yn de jierren alhiel ticht. Koartlyn is it by de Djipsleat ôfdamme en tichtsmiten. De namme, dy't wol ferbân hâlde sil mei de bochtige foarm, wurdt noch wol brûkt, mar dit sil skielk wol ferlern gean. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker.1982).