Yn it lêst fan de sechtiger jierren is de gemeente Utingeradiel útein setten mei it oanlizzen fan in saneamde bulgalow- wyk oan de Feansterdyk, súdlik fan de Grytmanswei. Yntusken is de wyk folboud en hat ek de nije MAVO-skoalle der plak krigen. It bêrn moast in namme hawwe; blykber hat men tocht oan de earste bocht yn de Feansterdyk, sa'n hûndert meter fierderop, by de Akkrumers bekend as de Krom-om-bocht, en hat de ried foar de wyk de namme ''De Ombocht'' keazen. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).

     In het laatst van de zestiger jaren is de gemeente Utingeradeel begonnen met het aanleggen van een zogenaamde bulgalow-wijk aan de Feansterdyk, ten zuiden van de Grytmanswei. Intussen is de wijk volgeboud en heeft ook de nieuwe MAVO-school daar een plek gekregen. De straat moast een naam hebben; blijkbaar heeft men gedacht aan de eerste bocht in de Feansterdyk, zo'n honderd meter verderop, bij de Akkrumers bekend als de Krom-om-bocht, en heeft de raad voor de wijk de naam ''De Ombocht'' gekozen. (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes van Merten Bakker. 1982).


     Boppe-boven: Voorbereiding van de eerste woningen aan de Ombocht. (Foto's: © familie Brouwer 1972)


MAVO, Sevenwolden OSG Mid Fryslân

      Op 15 oktober 1975 waard de nije MAVO oan de Ombocht boud en iepene mei de namme Iepenbiere MAVO skoalle Akkrum'. Hy krige dy namme neidat Boargemaster Anker sein hie de skoalle net nei him te ferneamen. De âlde ULO oan de Boarnsterdyk waard dermei oerbodich. By de iepening bleek de nije skoalle  drekt al te lyts te wêzen. Nei sa'n 25 jier is de MAVO slúten en is dizze nei Grou ferhúze. De Burgemeester Thalen Skoalle siet doe ek al mei krapte en is doe nei de eardere MAVO oan de Ombocht ferhúze.