"Brêgegat", wetter.

Yn1699  kaam in ferbining tusken de Pollesleat en de Boarn ta stân, (Prov. Argyf nr. 9a; oername farwetter De Gerdyk- Aldeskou; sjoch fierder Binnendiken en Sliperdiken fan Rienks en Walthers side 451-455) Yn dy tiid sil de namme Brêgegat wol ûntstien weze, hoewol't dy yn âlde stikken nea foarkomt. Wol fûn Bakker de namme Bruggegat in kear as wat yn âlde keapakten. De trochbrek yn 1699 hie ta gefolch, dat it doarp yn twa helten dield waard, en de bou fan in brêge needsakelik wie. De earste brêge wie in Flapbrêge, lykas op in tekening fan Stellingwerf út 1722 te sjen is; letter waard dat in draaibrêge, dy't lykwols ferfongen is troch in fêste brêge. Kalma Fr. Nammekunde 1 (1949) neamt ûnder wetternammen ek "gat" en Sipma (Fr. Nammekunde 2 side 76) jout oan "gat" yn de betsjutting fan "trochgong", dat hjir wol aardich fan pas is. Nei 1818, doe't de pleats nr.12 op dit plak ferkocht waard, binne oan beide kanten fan de brege huzen boud. De eastlike wyk krige de folksnamme it Brêgegat, hokker namme yn 1955 offisjeel festlein is. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker.1982).

 

"Brêgegat", water.

In1699  kwam er een verbinding tussen de Pollesleat en de Boarn tot stand, (Prov. Argyf nr. 9a; oername farwetter De Gerdyk- Aldeskou; sjoch fierder Binnendiken en Sliperdiken fan Rienks en Walthers side 451-455). In die tijd zal de naam Brêgegat  ontstaan zijn, hoewel  die in oude documenten nooit voorkomt. Wel vond Bakker de naam Bruggegat een paar keer inoude koopakten. De doorbraak in 1699 hat tot gevolg, dat het dorp in twee helften werd gedeeld, en de bouw van in brug noodzakelijk was. De eerste brug wie in wipbrug, net als op een tekening van Stellingwerff uit 1722 te zien is; later is het en draaibrug geworden, die op zijn beurt werd vervangen door een vaste brug. Kalma Fr. Nammekunde 1 (1949) noemt onder waternamen ook "gat" en Sipma (Fr. Nammekunde 2 side 76) geeft aan "gat" in de betekenis van  "doorgang", dat hier wel van pas is.  Nai 1818, toen de boerderij nr.12 op deze plek verkocht werd, aan beide kanten van de brug huizen geboud. De oostelijke wijk kreeg de volksnam it Brêgegat, welke in 1955 officieel is vastgelegd. (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker.1982).

In ansichtkaart fan It Brêgegat fan om 1902 hinne. Een ansichtkaart van het Brêgegat fan ca.1902.