Boppe: In moai stikje fan de âlde Boarn, (Foto makke foar 1938).

Boven: Een mooi stukje van de oude Boarn. (Foto gemaakt voor 1938).

"De Boarn".

       Yn de Encyclopedie fan Friesland (1958) wurdt de Boarn oanjûn as "De Boorne", dy't by Bakkefean begjint en troch Aldeboarn, Nes, Akkrum en Jirnsum rint, der't der foarhinne útwettere troch de Mûzel yn de Middelsee. It boppe-ein waard Koningsdiep of Ald Djip neamd. By Easterboarn der't de Nieuwe Vaart (De Opsterlânske Kompagnonsfeart) yn de Boarn útkomt, kriget d'r syn echte namme "De Boarn". Sipma giet yn Fr. Plaknanmmen wat fierder op de namme De Boarn yn en bestriid de útlis, dat dy ôflaat wêze koe fan "boarne"; hy hellet Buitenrust Hettema oan, dy't "burden-a" foar Boarn ferklearret as "grinsrivier". De jierren troch hat de Boarn foar Fryslan fan tige wichtige betsjutting west. Yn de tiid dat it ferkear net oer lân mar oer wetter gong, waard fan de Boarn in protte gebrûk makke. Sa koene de earste Kristenpredikers fan de Middelsee ôf de Boarn opfarre en de heidenske Friezen yn it binnenlân bewurkje. Sa koe de hannel him ûntjaan. Foaral nei it opsmiten fan de Leppe- en de Slachtedyk oan de beide kanten fan de Boarn krige in delsetting tusken de beide diken better kânsen, om him te ûntjaan en hat Akkrum mei syn hannel yn fee, bûter, tsiis en hûden profitearre fan syn lizzing oan de Boarn. Dêr tsjûgje no ek noch de pakhuzen fan de keaplju op de Boarnswâl fan. Hjir ûntstienen ek de skipshellingen en yn de 19e ieu de eksport en tûnslachterijen. De measte drokte yn de Boarn is fuort; it ferkear giet no oer de dyk en de binnenskipfeart hat it striid om it bestean opjaan moatten. Toch is der simmerdeis fertier en tilt it op fan wetterrekréanten, dy't de Boarn delfarren komme. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982)

"De Boarn".

       In de Encyclopedie van Friesland (1958) wordt de Boarn aangegeven als ''De Boorne'', die in Bakkeveen begint en door Aldeboarn, Nes, Akkrum en Jirnsum loopt, waar hij voorheen uitwaterde door de Mûzel in de middelzee. Het bovenste eind werd Koningsdiep of Oud Diep genoemd. Bij Easterboarn waar de Nieuwe Vaart (de Opsterlandse Kompagnonsvaart) in de Boarn uitkomt krijgt daar zijn echte naam "De Boarn". Sipma gaat in Fr. Plaknammen wat verder in op de naam de Boarn en bestrijd de uitleg, die afgeleid zou zijn van "bron": hij haalt Buitenrust Hettema aan die ''burdin-a'' voor Boarn verklaard als ''grensrivier''. Door de jaren heeft de Boarn van belangrijke betekenis geweest voor Friesland. In de periode dat het verkeer niet over land maar over het water ging, werd de Boarn veel gebruikt. Zo konden de eerste Kristenpredikers van de middelzee af de Boarn opvaren en de Heidense Friezen in het binnenland bewerken. En kon de handel zich ontwikkelen. Vooral na het opwerpen van de Leppe- en en de Slachteldyk aan beide kanten van de Boarn, kreeg een nederzetting tussen beide dijken betere kansen om zich te ontwikkelen en hat Akkrum met zijn handel in vee, boter en huiden geprofiteerd van de ligging aan de Boarn. Hier ontstonden tevens de Scheepshellingen en in de 19e euw de export en tonslachterijen. De meeste drukte in de Boarn is weg, het verkeer gaat nu over de weg en de binnenscheepvaart heeft de strijd om het bestaan op moeten geven. Toch is er zomers fertier en zijn er veel water recreanten, die de Boarn langsvaren. (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).


Boppe: Foto makke yn 1896 troch Engelsk selskip,dat troch Fryslân fear.

Boven: Foto gemaakt in 1896, door Engels gezelschap dat door fryslân voer.

Boppe: De Boarn (rjochting Aldeboarn) juny 2008.          Boven: De Boarn (richting Aldeboarn) juni 2008.

Boppesteande foto (rjochts) is in fragmint út de foto (links). De âlde nsichtkaart is fan om 1960 hine.

Bovenstaande foto (rechts) is een fragment uit de foto (links). De oude ansichtkaart is van ca. 1960.


De Boarn, onder Nes.

       Boppe: Haaije Siksma lei mei syn fisk-aakje krekt bûten Akkrum. De namme fan it skipke is: "DREUMES" en is yn 1950 ferkocht oan in Bakker fan Snits. Hy is boud op de werf Buitenvallaat yn 1910 te Drachten. Ek is it skipke restaurearre en sylt ek wer as de bêste.

       Boven: Haaije Siksma lag met zijn fisk-aakje net buiten Akkrum. De naam van het scheepje is: "DREUMES" en is in 1950 verkocht aan een Bakker uit Sneek. Hij is geboud op de werf Buitenvallaat in 1910 te Drachten. Het scheepje is gerestaureerd en zeilt ook weer als de beste.


2008 

It omlizzen fan de Boarn komt ek noch op dizze webside te stean.

Noch even geduld asjeblyft!

Het omleggen van de Boarn komt ook nog op deze website te staan.

Nog even geduld alstublieft!