Ek wol "Birstumermar",

De Bistumermar lei benoarden de Bokkumermar en de buorskip Burstum. Hy stie troch in feart mei de earstneamde yn ferbining en wettere fierder ôf op de Peanster Ie fia it Wiid Deel. Yn it begjin fan de tritiger jierren is er ta lân makke. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).

Ook wel "Birstumermar",

De Burstumermar lag ten noorden van de Bokkumermar en buurdschap Burstum. Hij stond met een vaart met de eerstgenoemde in verbinding en waterde af naar de Peanster Ie via Wiid Deel. In het begin van de dertiger jaren is er land van gemaakt. (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).


 

It "Burstumerrak".

De feart fan de Bokkumermar nei de Peanster Ie kin ferdield wurde yn trije frijwol rjochte stikken, der't earste stik de namme fan draacht fan Burstumerrak, neamd nei de buorskip Burstum, dy't der njonken leit. De brede en frij rjochte foarm docht tinken oan in "groeven" wetter, mar lykas by mear fearten yn it wetterlân, kin it yn it earstoan wol in slinke west hawe, dy't letter ferbrede is. Op de Mercatorkaart fan 1634 komt de feart, al is it was primityf, al foar, mar botte fertroud is dy net. (Ut Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).

 

It "Burstumerrak".

De vaart die van de Bokkumermar naar de Peanster Ie loopt, kan verdeeld worden verdeeld in drie gelijke rechte stukken, waar het eerste stuk de naam Burstumerrak draagt, genoemd naar de buurstschap Burstum, die ernaast ligt. De brede en vrij rechte vorm doet denken aan een gegraven water, maar net als bij meer vaarten in het waterland, kan het een slinke geweest zijn, welke later verbreed is. Op de Mercatorkaart van 1634 komt de vaart, al is het wat primitief, al voor, maar dat is wat onzeker. (Uit Toponymy fan Akkrum en Nes fan Merten Bakker. 1982).