Nijsbrief fan Akkrum Ald & Nij. 2022- nûmer 9.

 

  Boppe: In moaie âlde stereofoto fan de Buorren mei in hynder en wein.

     Bêste stipers, alderearst fan bestjoerskant ôf noch de bêste winsken foar dit nije jier. Wat ús stipers oanbelanget is it stadichwei dalende, en dat is gjin goeie saak. Wy ha dringend ferlet fan nije stipers. Mar hoe pakke jo soks oan? De jongerein fynt ús wurk trochstrings wol moai, mar fierder ek net. Dat is hiel spitich. It bestjoer ferâldert en is ek oan ferjonging ta. We ha al minsken benadere, mar hast elsenien hat syn frije tiid al mear as fol. "Kom mar op mei ideën". Wy ha ek dringend ferlet fan in gruttere opslach- romte, sadat we alles yn ien romte/ kwyt en by elkoar hawwe. Us romtes (de bedstee ûnder de regintekeamer, en in romte by stifting Welgelegen) binne mear as fol en dêrnjonken is noch in soad guod om op te slaan, dat no noch by minsken thús is. Koartom wy ha ferlet fan in nije/gruttere romte om al ús guod kwyt te kinnen en ek weromfine kinne. As jo it argyf op ferskate plakken ha is net handich. Wy binne al dwaande mei in romte, mar dat is noch net al hiel rûn. Wy wolle dan ek graach in iepenstelling op ien of mear fêste deidielen yn 'e moane, sadat stipers en oaren (ûnder begelieding) tagong ha ta ús argyf.                                                                                                             Palmsnein is ek alwer yn oantocht en sil dit jier grif wol trochgean. Wy ha sa as went wer in foto exposysje by Hotel Goerres, der't de optocht ek begjint. Dêr kinne jo ûnder it genot fan in drankje de tekeningen fan âld Akkrumer Rinse Terpstra besjen. Mar ek noch wol in pear oare moaie âld Akkrumer plaatsjes.

 

 

 

 

GOED NIJS. 

     Ja Minsken, dizze nijsbrief begjinne wij mei hiel goed nijs. Ien fan ús stipers ( . . . ) hat Akkrum Ald en Nij mar leafst 2500 euro schonken. (26 aug.) In moai begjin foar ús aksje om in nije argyf romte oan te skaffen. As der mear binne dy't us deryn stypje wolle . . . NL49 RABO 0348 3291 80.

Sa as wy yn us eardere nijsbrief 7 al oankundigden; Wy sitte te skreauwen om romte, alles is fol en noch in soad guod te berchjen. HELP !!!

Mei de renofaasje fan Coopersburg giet it ek goed. De mannen fan van Wijnen binne hast klear. Sy ha Coopersburg enerzjy súnich makke.